Hindrik van der Meer: in libben yn muzyk en taal

geplaatst in: Geen categorie | 0

Sympoasium en Sjong-yn en lietejûn

Al mear as in heale iuw lang spilet Hindrik van der Meer (Bantegea 1938) in belangrike en ynspirearjende rol yn de Fryske wrâld fan muzyk en literatuer. Fryske literêre teksten waarden troch him op muzyk set. Foar tsjerke en foar bern makke hy muzyk dy’t noch altyd mei wille en nocht songen en spile wurdt troch jong en âld.

As earbetoan oan Hindrik van der Meer en syn rike oeuvre organisearje Tresoar en Utjouwerij DeRyp op 20 en 21 april in oantal aktiviteiten.

Op tongersdei 20 april fynt yn Tresoar in sympoasium plak om it wurk fan Hindrik van der Meer te tsjutten en in plak te jaan yn in romme Frysk-kulturele kontekst. Bert Looper set Van der Meer yn in tradysje fan 100 jier ‘kleinkeunst’, Jelle Krol behannelet de relaasje fan muzyk en literatuer, Beart Oosterhaven giet yn op de musikologyske aspekten fan it wurk en Tialde Hoogeveen sil as ambassadrice fan it berneboek de grutte wearde foar de bernemuzyk en -literatuer oan de oarder stelle.

Op freed 21 april fynt yn Tresoar in grut sjongfeest plak. Middeis (programma-ûnderdiel 1) sille wy ûnder lieding fan Klaartje van Dokkum en Jelma Wiegersma meiinoar sjonge út de krekt ferskynde bondel ‘Kom en Sjong’. De bondel ‘Kom en Sjong’ (útjûn troch Utjouwerij DeRyp) is dizze dei te keap foar 15 euro. It bernekoar ‘De sinnestrieltsjes’ út Wytmarsum en it Wjelsriper koar komme ek del.

De jûns (programma-ûnderdiel 2) steane muzyk en poëzij sintraal. It koar ‘De Itenser Sjongers’ bringt û.o. nije poëzy út de tsjerklike tradysje en fan Tiny Mulder. It ‘Freone- en famyljekoar’ bringt fersen fan û.o Obe Postma, Gysbert Japicx, Fedde Schurer, en Rixt dy’t troch Hindrik van der Meer op muzyk setten binne. Simone de Witte-Kuipers en Hans Wempe bringe in duet út de musical Ruth.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *