Klaas Ybema (1955), waarman te Workum, hat in nije Fryske ferhalebondel skreaun. En dizze kear net oer it waar lykas syn earste boek (Wat een weer, 2007), mar oer syn eigen bernejierren. It plak fan hanneling is ‘Pankoeken’, in buorskipke fan in pear pleatsen tusken Wytmarsum en Hichtum, mar oeral fier fan ôf. Hoe wie it doe yn ‘e sechstiger jierren om sa grut te wurden op dy ienlike pleats, dêr’t earst noch gjin stroom en wetterlieding wie?
De ferhalen geane oer it libben op dy pleats fan in grifformearde húshâlding yn in ferpyldere mienskip. It boerewurk, de skoalle, de feestdagen, de fakânsjes, de deistige dingen. It kin net oars of hûnderten minsken fan deselde leeftiid dy’t sa grut wurden binne, sille dat werkenne. Foar oaren dy’t letter of ûnder oare omstannichheden opgroeiden giet in aparte wrâld iepen.
Op 8 juny ferskynt by Utjouwerij DeRyp dizze ferhalebondel mei de titel Bern op ‘e romte. By wize fan foarpriuwke hat Klaas Ybema sels yn in podcast fiif fan de 45 ferhalen ynsprutsen. De smoute harkferhalen binne te hearren fia Spotify: https://open.spotify.com/show/55saRlj2BtBWu7N7iM2nmk
It boek Bern op ‘e romte sil presintearre wurde op 8 juny oansteande om 15 oere yn ‘e tsjerke fan Skettens. As sprekker sil optrede Henk Dijkstra, âld-direkteur fan it Frysk Lânboumuseum. Minsken dy’t dizze boekpresintaasje bywenje wolle, kinne harren opjaan fia e-mail: faberhillebrand@gmail.com.
Geef een reactie