Blaumelly is de tsiende dichtbondel fan Abe de Vries. In mylpeal foar dizze dichter dy’t foar in eardere bondel de Gysbert Japicxpriis 2005 krige. Blaumelly is foarmjûn troch Johan Bouwhuis mei in opfallend reade hynstekop op it hurde omslach, nei in skilderij fan Johan Haanstra. De gedichten fine har woartels gauris yn de direkte wenomjouwing en persoanlike sfear fan de dichter, mar geane oer universele tema’s. Foegje dêrby pakkende byldspraak, tûk stal jûne emoasjes en maatskiplike belutsenens en men kriget sterke fersen dy ‘t der ta dogge. Neist eigen gedichten hat Abe de Vries ek oersettingen opnommen fan gedichten fan û.o. Robert Frost en Iosip Brodsky.
Blaumelly wurdt, tegearre mei Waling Dykstra – Folksskriuwer, presintearre op 20 novimber 2020 om 16.00 oere yn it doarpshûs fan Froubuorren/ Vrouwenparochie. Fanwegen de koroanamaatregels kinne dêr net mear as tritich minsken by wêze. It earste eksimplaar sil by de presintaasje útrikt wurde oan Sietske Poepjes, deputearre fan de provinsje Fryslân foar kultuer.
De krite dêr’t De Vries opgroeid is en de lêste jierren ek wer wennet – it noardwesten fan Fryslân – spilet in grutte rol yn syn poëtysk oeuvre. Ek yn dizze nije bondel wurdt dat lânskip mear as ien kear beskreaun, bygelyks yn it titelgedicht. Dat gedicht stiet yn it twadde skift (‘Omsingele’) fan de fjouwer skiften dêr’t de bondel yn ferdield is:
In (Hollânsktalich) besprek fan de bondel Blaumelly is te finen op de Friese-literatuursite van Jelle van der Meulen.
Op 19 febrewaris stie der in loovjend besprek fan Blaumelly yn de Leeuwarder Courant troch Elmar Kuiper: “Yn it titelfers komme alle kwaliteiten gear: syn byldzjend fermogen, syn taallinigens, syn persoanlike ynset en fyzje.”
In ferslach fan de presintaasje fan Blaumelly (tegearre mei Waling Dykstra Folksskriuwer) stiet hjir.
Ynterview mei Abe de Vries yn it Friesch Dagblad nei oanlieding fan de ferskyning fan Blaumelly:
Yn de Leeuwarder Courant fan 11 desimber 2020 stiet in ynterview mei Abe de Vries (side 8 en 9) oer de dichtbondel De Vries’ dichtbondel Blaumelly en oer dit boek mei ferhalen fan Waling Dykstra. Lês it ynterview hjir.
In fideobesprek foar it literêre tiidskrift Ensafh fan de yn oktober ferskynde dichtbondel Blaumelly fan Abe de Vries troch Geart Tigchelaar (“De Vries syn gedichten rinne as in trein en klinke as in klokje”):
Poëzykritikus fan de Leeuwarder Courant Elmar Kuiper makke lykas wenst oan ‘e ein fan it jier de poëtyske balâns op fan 2020 (“in ryk poëzyjier”) en pleatste dêrby Blaumelly op it earste plak fan syn top 3 Fryske Poëzy. Hy seit fan de bondel dat “Abe de Vries frij nochteren, beskôgjend en yngeand dichtet oer hûs en hiem en oer de wrâld om him hinne en hoe ’t it is om te dichtsjen yn in lytse taal.”
Blaumelly bestelle by de útjouwer
Filmke ‘Ballade fan’e ammoniakútstjit
Yn de rige Picture Poems is der no in filmke dêr’t Abe de Vries syn fers ‘Ballade fan’e ammoniakútstjit’ yn foardraacht. Hast as in rapper, mei moaie swartwyt-bylden fan de boerewrâld: In prachtich filmke! Der hie oars wol efkes by stean kind dat it gedicht komt Abe de Vries syn lêste bondel Blaumelly, útjûn troch Utjouwerij DeRyp.