Noch mar krekt bekaam fan de boekpresintaasje fan De vogels van Heerkens kundigje we alwer de folgjende boekpresintaasje oan. Sneontemoarn 31 maaie presintearje wy Njoggen dagen yn it gers de nije dichtbondel fan Abe de Vries. Dat dogge we tegearre mei útjouwerij Het Nieuwe Kanaal dy’t dan de Fryske thriller Iepenbiering fan Pieter Anko presintearret. De boekpresintaasje is op de Buwepleats yn Droegeham en begjint om 10.00. Ynrin fan 9.30 ôf.
Iepenbiering is de debútroman van Pieter Anko, redakteur by it Friesch Dagblad. It is in spannende thriller oer in teolooch dy’t krekt beneamd is ta heechlearaar oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Hy is promovearre op it bibelboek Iepenbiering en hy giet yn it boek op syk nei it grutste geheim fan ’e wrâld: wannear sil de Lêste Dei oanbrekke? Sa begjint in aventuerlike reis dy’t ek lâns Bouwekleaster yn ’e noardlike Fryske Wâlden fiert, mar ek nei it Grykske eilân Padmos.
Abe de Vries is kultuerrredakteur, kollumskriuwer en poëzijresinsint by it Friesch Dagblad. Hy krige yn 2005 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004). Njoggen dagen yn it gers is syn tolfde dichtbondel. ‘Untdek it Noarden’ is hjir it biedwurd. Op syn speurtocht slacht de dichter himsels allesbehalve oer. Yntrospeksje en kultuerkrityk geane hân yn hân yn in talich aventoer dat de lêzer meifiert nei de úthoeken fan Fryslân, mar ek nei Spitsbergen, Kalifornië, Oekrayne, Normandië en de Pfalz.

As jo fan plan binne om te kommen, soe in mailtsje (nei info@utjouwerij-deryp.nl) wol noflik wêze; dan witte wy wêr’t we op rekkenje kinne.
Geef een reactie