Fryske boek fan ‘e moanne maaie 2025 fan Juf Yvonne: Paula en de weirekke spegel
Eltse moanne kiest juf Yvonne (Yvonne Soepboer fan de dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden) in Frysk berneboek fan ‘e moanne. Yn maaie 2025 is dat Paula en de weirekke spegel fan Marije Sennema mei yllustraasjes fan Tijana Lukovic, útjûn troch Utjouwerij DeRyp. Se hat ek tips hoe’t it boek yn byldzjende lessen brûkt wurde kin. Dit is wat se dêroer skriuwt op har Instagram-account (_jufyvonne):
Paula is útfanhûs by beppe op it eilân Amrum. Op in dei rekket se de gouden spegel fan beppe kwyt. It is net samar in spegel. Allinich mei dizze pratende spegel kin se harsels skilderje. En dat is krekt wat se wol: in selsportret meitsje as kado foar beppe. Sil se de spegel weromfine?
Der is wer in prachtich Frysk printeboek! Dit ferhaal spilet him ôf op Amrum, wat ek echt bestiet. It leit yn it fiere noarden fan ús Waadsee, dêr’t ek Friezen wenje, de Noardfriezen. Dit fyn ik persoanlik in hiel leuk detail. Yn it ferhaal folgje wy Paula yn har syktocht nei de gouden spegel, dy’t har helpe kin by it meitsjen fan in selsportret.


It ferhaal lêst flot en as lêzer begjinst dy dochs ek ôf te freegjen wêr’t de spegel eins bleaun is. Dêrneist fyn ik it hiel moai hoe’t de Fryske wurden brûkt wurde, lykas “in noardske, swiere stim”. As Fries kin ik my direkt ynbyldzje hoe’t dy stim klinke moat.
De kleurrike yllustraasjes, dy’t makke binne troch Tijana Lukovic, fertsjinje ek de oandacht. Der binne safolle details te sjen, dat je dêr echt de tiid foar nimme moatte. Paula hat ek in dúdlike rol yn sawol it ferhaal as yn de tekeningen. De kleuren dy’t Tijana keazen hat hawwe in waarme útstrieling. Dizze kleuren komme ek wer werom op de linkerside dêr’t de tekst op stiet. Dêrtroch foarmet it echt ien gehiel.
It ferhaal is net samar ta stân kaam, mar is werom te bringen nei keunstneres Paula Modersohn-Becker. Sy wie de ynspiraasje foar Marije om dit boek te meitsjen.
Dit printeboek lient him der ek foar om byldzjende lessen oan te keppeljen:
● In selsportret meitsje mei / sûnder spegel. Je soene dit selsportret ek yn ferskillende stilen meitsje litte kinne, of mei ferskillende emoasjes.
● Meitsje in skilderij bûten, lykas by de skilderjuf: wat sjochst allegear en hoe soest dit sjen litte op it skildersdoek?
● Gean mei klaai oan’e slach, krekt as Paula har freondinne Klaske. Slagget it dy om dysels te meitsjen fan klaai?
In kleurryk en moai printeboek foar jong en âld!


Geef een reactie