Op sneontemiddei 30 novimber sieten de tribunes yn de kapel fan Museum Dr888en grôtfol. Sa’n lytse santich minsken wiene dêr yn Drachten by de boekpresintaasje fan De reis fan it famke, útjûn troch Utjouwerij DeRyp. De suskes Catharina en Hilleke Lautenbach makken dat ‘hjoeddeiske mearke’ mei syn beiden: Catharina skreau de tekst en Hilleke makke dêrby yllustraasjes.
It earste eksimplaar dan De reis fan it famke wie foar Martsje de Jong. Dy hat ek noch it stik foarlêzen út it boek. Op de foto nei de presintaasje: Martsje de Jong tusken Hilleke Lautenbach (links) en Catharina Lautenbach (rjochts):
Geef een reactie