Drok besochte presintaasje

geplaatst in: Geen categorie | 1

Op sneontemiddei 30 novimber sieten de tribunes yn de kapel fan Museum Dr888en grôtfol. Sa’n lytse santich minsken wiene dêr yn Drachten by de boekpresintaasje fan De reis fan it famke, útjûn troch Utjouwerij DeRyp. De suskes Catharina en Hilleke Lautenbach makken dat ‘hjoeddeiske mearke’ mei syn beiden: Catharina skreau de tekst en Hilleke makke dêrby yllustraasjes.

It earste eksimplaar dan De reis fan it famke wie foar Martsje de Jong. Dy hat ek noch it stik foarlêzen út it boek. Op de foto nei de presintaasje: Martsje de Jong tusken Hilleke Lautenbach (links) en Catharina Lautenbach (rjochts):

  1. Catharina Lautenbach

    It wie in geweldige middei mei allegearre fleurige gesichten. It begûn hilarysk, om’t Hilleke har taspraak net mear fine koe. Doe’t bliken die dat útjouwer Hille der op siet, kaam der in bolderjend laitsjen út de seal. Guont fregen letter oft it yn sène set wie. Nee dus.

    Tige tank oan elkenien dy’t dit feestje mei ús fiere woe en tank oan útjouwerij De Ryp, dy’t in prachtich boek fan ús manuskript makke hat!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *