Boekpresintaasje Wat stiller wat better

geplaatst in: Geen categorie | 0

De Fryske oersetting fan F. Springer syn boek Met stille trom wurdt snein 24 septimber yn it tsjerkje fan It Heidenskip presintearre. ‘Yn 1962 wie it dien mei de Nederlânske oerhearsking op Nij Guinea’ sa waard yn 1963 Met stille trom oankundige.

Dit boek hat Springer skreaun nei syn weromkommen út Nij Guinea, dêr’t er fjouwer jier as bestjoersamtner wurke hie. Flak foar de publikaasje hat er it manuskript werom lutsen…. Yn it jier fan syn ferstjerren (2011) hat Springer it manuskript bewurke en sa ferkynde it yn 2012.

Jan Pieter Dykstra Hzn. hat de oersetting fan Met stille trom, mei as titel Wat stiller wat better yn’e hjerst fan 2022 foar korreksje ynlevere. Begjin 2023 is hy ferstoarn en no wurdt dizze oersetting presintearre.

It barren yn It Heidenskip begjint om 15.00 oere. In soan fan F. Springer sil it ien en oar fertelle oer de tiid dat syn femylje yn Nij Guinea wie. Opjaan foar dizze nijsgjirriche middei yn It Heidenskip kin fia info@utjouwerij-deryp.nl .

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *