Op sneontemoarn 31 maaie 2025 wie yn Droegeham, yn ‘e prachtige tún fan de Buwepleats, de presintaasje fan twa boeken, fan twa ferskillende Fryske útjouwers, te witten Utjouwerij DeRyp en Het Nieuwe Kanaal. Dichter Abe de Vries rikte it earste eksimplaar fan syn tolfde bondel Njoggen dagen yn it gers út oan Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp. De reden dêrfoar wie, sa sei De Vries, dat de lytse útjouwerijen yn Fryslân, lykas Utjouwerij DeRyp en it Nieuwe Kanaal fan Wim de Vries, in hiele protte wurk fersette om it útjaan fan it Fryske boek mooglik te meitsjen.

De Buwepleats is in plak dat in wichtige rol spilet yn ’e spannende thriller Iepenbiering fan Pieter Anko de Vries, útjûn troch Het Nieuwe Kanaal. Wethâlder Jelle Boerema fan Achtkarspelen mocht it earste eksimplaar fan Iepenbiering yn ûntfangst nimme.

Geef een reactie