Foar it earst ferskynt de ferhalesyklus De Winskhoed fan Fortunatus fan Waling Dykstra (1821-1914) yn boekfoarm. Abe de Vries, gastûndersiker by de Fryske Akademy, brocht de ferhalen yn in justjes modernisearre Fryske stavering byinoar en fersoarge ek de oersetting nei it Nederlânsk en in ynlieding op it wurk. It boek ferskynt as trettjinde boek yn de literêre Iduna Rige fan de Fryske Akademy (Akademy-nûmer 1140) en wurdt útjûn troch útjouwerij DeRyp.
De presintaasje fan De Winskhoed fan Fortunatus / De Wenshoed van Fortunatus is op freed 2 juny om 18.00 oere yn Spannum, yn oanrin nei de opfiering fan iepenloftspul Wat bisto leaflik oer Waling Dykstra (8-20 juny). It boek sil oanbean wurde oan mar leafst fjouwer Waling Dykstra’s, te witten trije toanielspilers dy’t yn it iepenloftspul Waling Dykstra spylje en ien ‘echte’ Waling Dykstra, in famyljelid fan de skriuwer Waling Dykstra.
Oer De Winskhoed fan Fortunatus / De Wenshoed van Fortunatus
Waling Dykstra wie de belangrykste realistyske Fryske skriuwer fan de njoggentjinde iuw. Syn betide ferhalesyklus De Winskhoed fan Fortunatus út de earste helte fan de fyftiger jierren wurdt mei dizze twatalige útjefte foar it earst yn boekfoarm publisearre. Dizze ferhalen ferskynden foar it earst yn it blêd De Fryske Húsfreon, jiergongen 1851-1853. Dykstra lit syn alter ego Japik Japiks ûnder it Fryske doarpsfolk op ’e siik gean nei de ‘condition humaine’. Ungemurken beharket Japiks harren petearen, hy weeft ôf mei de romantyk en jout as skriuwer krityk en advys foar in better, lokkiger libben.