Hiemhûn is in bondel fan Ytsje Hettinga mei koarte ferhalen dy’t har net allinne op it hiem ôfspylje. De skriuwster nimt jin mei nei de strjitte, it doarp, de stêd en fierder. Mei in laits en in trien folgje we de personaazjes yn Hiemhûn fan beukerskoalle nei libbensein. Mear ynformaasje oer Hiemhûn en oare ferhalen
Klein boekje (14,7 x 10,5 cm, 39 bladzijden) over het kerkje van It Heidenskip. Initiatief en tekst: Pim Engelenburg. Met illustraties. Tekst in het Nederlands en het Frysk (Jan Pieter Dykstra).. De opbrengst van dit boekje komt ten goede aan het onderhoud van het kerkje van It Heidenskip. Meer informatie
Blaumelly is de tsiende dichtbondel fan Abe de Vries dy’t foar in eardere bondel de Gysbert Japicxpriis 2005 krige. De bondel is foarmjûn troch Johan Bouwhuis mei in opfallend reade hynstekop op it hurde omslach, nei in skilderij fan Johan Haanstra. De gedichten fine har woartels gauris yn de direkte leefomjouwing en persoanlike sfear fan de dichter, mar geane oer universele thema’s. Foegje dêrby pakkende byldspraak, tûk stal jûne emoasjes en maatskiplike belutsenens en men kriget sterke fersen dy 't der ta dogge. Neist eigen gedichten hat Abe de Vries ek oersettingen opnommen fan gedichten fan û.o. Robert Frost en Iosip Brodsky. Mear ynformaasje oer BlaumellySjoch de oanbieding
John Steinbeck (1902-1968) is ien fan de grutste Amerikaanske skriuwers fan de 20e iuw. Yn 1962 waard him de Nobelpriis foar Literatuer taskikt. Oer Mûzen en Mannen – publisearre yn 1937 as Of Mice and Men – wie oarspronklik skreaun as toanielstik. … Vervolgd