Terug naar Producten

De 13 fan Obbe Sjutsje – útferkocht

De 13 fan Obbe Sjutsje. De singeliere histoarje fan de Postma’s fan ’e Tempel yn ’e Sânfurdterryp giet oer wat de beide auteurs yn harren ynlieding ‘gewoane minsken’ neame. Mar dêr is wol wat mear oer te sizzen. It giet hjir om in goed útdjippe (sosjaal-histoaryske) skiednis fan in fenomeen, nammentlik psychiatryske problemen yn in boerehúshâlding, Roomsk-katolyk, op in efterôfhoeke fan it Fryske plattelân. Want fan de grutte húshâlding – trettjin bern – waarden op syn minst seis fanwegen skizofreny, in unyk mar tige tryst unikum, yn in psychiatryske ynrjochting ûnderbrocht.

 

Mear ynformaasje oer De 13 fan Obbe Sjutsje

 

Categorie:

Extra informatie

Auteur

Mechtilde Postma & Goaitsen van der Vliet

Druk

1e druk

Taal

Frysk

ISBN

978 90 83163864

Pagina's

200

Formaat

22 x 29