3e printinge Tsjilp!

geplaatst in: Geen categorie | 0

By Utjouwerij DeRyp is yn maaie 2023 de tredde printinge ferskynd fan Tsjilp!, mei 25 fûgelgedichten fan Eppie Dam en lino’s fan Lienke Boot. It boek ferskynde yn 2017 foar it earst, krige tige goeie resinsjes en wie rillegau ta oan in twadde printinge. Yn 2020 kaam it boek op ’e Honour list fan de IBBY priis en yn 2021 waard dizze priis útrikt yn Moskou, dat koe doe noch.

Yn 2020 ferskynde de Nederlânske oersetting ek by útjouwerij DeRyp. Eppie Dam hie de oersetting yn eigen hân holden. Tsjilp! waard doe Tjilp!. En no, yn 2023, wurdt der noch hieltyd om it boek frege. Fandêr it beslút om te kommen mei in tredde printinge fan Tsjilp!.

It boek is no wer te krijen by boekhannels yn Fryslân en fia ús eigen webshop fansels.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *