Yn de Leeuwarder Courant fan 12 febrewaris 2025 stie in ynterview fan Gitte Brugman mei Hille Faber en Jelle van der Meulen. Beide mannen binne tegearre mei Jan Pieter Dykstra yn jannewaris 2020 begûn mei Utjouwerij DeRyp. Nei it ferstjerren fan Jan Pieter Dykstra, no alwer twa jier ferlyn, binne beide oare mannen trochgien mei de útjouwerij. Gitte Brugman spriek mei de mannen nei oalieding fan it ferskinen fan in berneboek yn fjouwer talen.
De Fryske ferzje fan it berneboek fan Marije Sennema (tekst) en Tijana Lukovic (yllustraasjes) wie der it earst: Paula en de weirekke spegel. Yn it ynterview komt ûnder oaren nei foaren hoe’t der net allinnich in Nederlânske ferzje kaam, mar ek in twatalige ferzje yn it Dútsk en it Öömrang, de taal fan it eilân Amrun dêr’t it ferhaal him ôfspilet.

Geef een reactie