Utjouwerij DeRyp hat hiel wat plannen foar 2021. Oft alles ek sa rint sa’t de útjouwer it yn ‘e holle hat, is yn dizze tiden fansels net hielendal wis. Sa stiet lykas it ôfrûne jier de útjefte fan it toanielstik It grutte swijen op priemmen. De útjefte befettet de trije monologen dy’t Ytsje Hettinga foar lokaasjeteätergroep Sult skreau nei oanlieding fan in dramatyske histoarje yn de winter fan 1944-1945 yn Koudum. Jan de Vries hat útsocht wat der doe bard is. Yn It grutte swijen komt net allinnich de teätertekst fan Ytsje Hettinga, mar ek it ferslach fan Jan de Vries. De útjefte stiet no plend foar oktober, as it stik – einlings – spile wurde sil.
Fan Ytsje Hettinga ferskynt ek nei fjirtjin jier wer in nije bondel mei Fryske ferhalen. It binne koarte en sels ultrakoarte ferhalen dy’t him meastentiids ôfspylje yn in Frysk fermidden, al bedarje har haadpersoanen ek wol yn Azië of Afrika. De titel fan de ferhalebondel wurdt Hiemhûn en oare ferhalen en it boek sil útkomme yn de simmer.
Poëzy
Utjouwerij DeRyp joech al trije dichtbondels út fan ien fan Fryslâns grutste hjoeddeiske dichters Abe de Vries. De Vries debutearre yn 2002 en nei tsien dichtbondel en in Waling Dykstrapriis fûn de útjouwer it wolris tiid foar in twatalige (Frysk en Nederlânsk) blomlêzing mei in goed oersicht fan syn wurk. Under de titel Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam sil de blomlêzing yn july ferskine.
Nije Fryske poëzij komt der ek, skreaun troch Erik Betten. Betten wie mei syn Nederlânsktalige thriller Quarantaine yn 2018 syn tiid foarút. As histoarikus en sjoernalist skreau er dêrnjonken boeken en artikels oer skiednis, lânskip en kultuer. Mar dit jier sil er debuteare as dichter yn it Frysk. Syn bondel Palimpsest wurdt nei alle gedachten yn ‘e hjerst presintearre.
Berneboek, histoarje, oersetting
Ek yn it neijier fan 2021 sil der in berneboek komme fan Grietje Huisman: in printeboek foar lytse bern dêr’t Huisman sels de printen en de tekst foar makke. Yn oktober stiet plend De 13 fan Obbe Sjutsje fan Goatsen van der Vliet en Tilly Postma. It is in histoarysk boek oer de nijsgjirrige húshâlding fan de Postma’s fan de Tempelpleats yn ‘e Sânfurdterryp yn de 20e iuw. Nei Blikbuert komt der in twadde Fryske oersetting van Jan Pieter Dykstra fan in novelle fan de Amerikaanske skriuwer John Steinbeck. Dit kear fan it ferneamde boek Of Mice and Men (1937). Yn it Frysk hjit it yn 2021: Mûzen en minsken.
Keunst, stripalbum
Yn de simmer publisearret Utjouwerij DeRyp in keunstboek oer it wurk fan Gosse Koopmans, mei in ynlieding (yn it Nederlânsk) fan Susan van den Berg. Wierskynlik krekt nei de simmer komt dan ek noch in tredde stripalbum fan Kloris & Ko. Mei tekeningen fan Theo Jaasma en tekst yn it Snekers fan syn broer Hessel Jaasma.
Utjouwerij DeRyp is net allinnich drok dwaande mei de tarieding fan dizze útjeften. De útjouwer siket ek nei mooglikheden om de presintaasje fan de boeken mooglik te meitsjen. Dat sil allegear benammen ek ôfhingje dan de ûntwikkelingen op it mêd fan de koroana.
Geef een reactie