Twadde printinge foar Bern op ‘e romte

geplaatst in: Geen categorie | 0

De ferhalebondel Bern op ‘e romte fan âld-ierdrykskundelearaar en waarman Klaas Ybema fan Warkum wurdt werprinte. It boek, wêryn’t de skriuwer ferhalen fertelt oer syn jeugdjierren op in doedestiids behoarlik isolearre pleats ûnder Wytmarsum, wie om de jierwiksel hinne útferkocht. De earste printinge befette fiifhûndert eksimplaren.

De ferhalen spylje har ôf yn de sechstiger jierren fan de tweintichste iuw, doe’t noch net elke pleats foarsjoen wie fan elektrisiteit, riolearring en streamend wetter. Sintraal stiet hoe’t in jonge fan in jier as tsien út in grifformeard miljeu dy tiid en dy omstannichheden belibbe hat. De ferhalen wurde ‘tige werkenber’ neamd en ‘noflik te lêzen’.

Utjouwerij DeRyp hat dan ek miend dat in twadde printinge rjochtfeardige wie, dus ynkoarten is de bondel wer folop te krijen by de boekhannel of te bestellen fia de webside fan Utjouwerij DeRyp.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *