Skôgingen fan Eeltsje Hettinga oer poëzy ferskynd

geplaatst in: Geen categorie | 0

Yn Stikken skriuwt skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga oer it wurk fan in tal dichters dy’t foar syn eigen poëzy fan belang en betsjutting west hawwe. Dêrby komt it wurk fan Ingeborg Bachmann, Tsjêbbe Hettinga, Hessel Miedema, Obe Postma en Jan Jacob Slauerhoff op it aljemint. Fierders is Hettinga ûnder mear op ‘e tekst oer de bysûndere skiednis fan it Surinamenûmer fan it eardere Fryske literêre tydskrift De Tsjerne, de oersettingen en bewurkingen fan Sineeske poëzy yn de Fryske literatuer en de stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy.

Eeltsje Hettinga (Burchwert 1955) is dichter, oersetter, pamflettist en skreau inkelde monografyen oer keunstners, lykas de biografyske skets oer Gerben Rypma, De keunstner fan it dubele krús (2010). Dat keunstboek, útjûn troch de foargonger fan Utjouwery DeRyp is útferkocht. Dat jildt ek foar Te pearde/Te paarde, de twatalige blomlêzing fan gedichten fan Eeltsje Hettinga dy’t Utjouwerij DeRyp yn 2023 útjoech yn ‘e mande mei it tydskrift De Moanne.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *