Op 20 jannewaris 2025 ferskynt Paula en de weirekke spegel, in printeboek foar bern. Bysûnder en seldsum is dat it boek yn trije ferzjes en fjouwer talen tagelyk publisearre wurdt:
– Frysk: Paula en de weirekke spegel
– Nederlânsk: Paula en de verdwenen spiegel
– Öömrang/Dútsk: Paula an di ferswünjen speegel/Paula und der verschwundene Spiegel
Skriuwer fan it ferhaal is keunsthistoarikus Marije Sennema en de printen binne makke troch yllustrator Tijana Lukovic.
It berneboek is ynspirearre op de Dútske keunstner Paula Modersohn-Becker (1876-1907). ,,Benammen har selsportretten sprekke my tige oan”, fertelt Sennema, debutant as berneboekskriuwer. ,,As iere ekspresjonist skildere sy net krekt neffens de werklikheid, mar wie se folle mear nijsgjirrich nei it gefoel achter alles wat se seach. Yn myn ferhaal lit ik in famke mei de namme Paula fia de syktocht nei in weirekke spegel ûntdekke hoe’t se harsels frij uterje kin.” De skriuwer hopet dêrmei jonge bern te ynspirearjen om dat ek te dwaan.
It ferhaal spilet op it Dútske Waadeilân Amrum. Modersohn-Becker hold dêr yn de simmer fan 1903 in skoft ta. Op Amrum wurdt Öömrang praat, in fariant fan it Noardfrysk. De Ferring Stiftung yn Alkersum op it eilân Föhr (tichteby Amrum) hat de útjefte yn it Öömrang en it Dútsk mooglik makke.
,,Trije útjeften en fjouwer talen tagelyk, dat haw ik yn myn útjouwerij noch net earder meimakke”, seit Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp. ,,Sa ferbine wy de ferskillende Fryslannen mei-elkoar en betsjinje wy tagelyk de gruttere taalgebieten om ús hinne.”
In skoalklasse út De Knipe krijt in earste eksimplaar oanbean. It boek is in útjefte fan útjouwerij DeRyp.
Geef een reactie