Op tongersdeimiddei 22 april waard yn de bibleteek fan Snits it berneboek Maia en har freonen presintearre. It is skreaun troch de Oekraynske skriuwster Larysa Denysova en de yllustraasjes binne fan Masha Foya, ek út Oekraïne. It boek is makke yn 2014 nei’t it Oekraynske skiereilân de Krim troch Ruslân anneksearre waard. Ek doe al ûntflechten Oekraïners de Russyske besetting en dat spilet dan ek in lytse rol yn it berneboek. De Fryske oersetting is fan Tialda Hoogeveen.
De Oekraynske útjouwer fan it boek frege nei de resinte ynfal fan de Russen yn Oekraïne útjouwers yn hiel Europa om it boek oer te setten. De tastânkomming fan de Fryske oersetting is in unikum: alve Fryske útjouwers – wêrûnder Utjouwerij DeRyp – hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân en nimme ek de ferkeap fan it boek mei-inoar op harren. De folsleine opbringst fan de ferkeap fan it boek giet nei UNICEF-Oekraïne, dy’t wurket foar bern dy’t yn Oekraïne achterbleaun binne.
It earste eksimplaar fan Maaia en har freonen waard yn de bibleteek fan Snits útrikt troch de njoggenjierrige Motvey Tymts oan Gertrud Palstra fan Fers, in ûndersteuningsorganisaasje fan de Fryske biblioteken. Tymts flechte sels mei syn famylje út de Krim wei doe’t de Russen dat stik fan Oekraïne besette. De húshâlding fan Tymts ferbliuwt al inkelde jierren yn it AZC yn Burgum. De jonge flechtling helpt no mei syn famylje ek oare flechtlingen út Oekraïne troch op te treden as oersetter en aktiviteiten te organisearjen.
Tialda Hoogeveen sette it boek oer nei it Frysk mei help fan de Ingelske oersetting. Bern yn Fryslân kinne it boek no ek yn it Frysk lêze, lykas bern yn Estlân, Sweden, Finlân, Poalen, Portugal, Dútslân, Ingelân en Australië it ek yn harren taal lêze kinne. In Nederlânske oersetting is der noch net. “Dit is gewoan in bysûnder boek, oer gewoan bysûndere bern” seit de oersetster fan Maia en har freonen.
Maia en har freonen giet nammenltik oer it famke Maia en de oare bern yn har klasse, en oer juf Julia. Mar al giet it oer de klasgenoaten fan Maia yn groep fjouwer, it giet eins oer alle bern en oer de ferskillende gesinssituaasjes wêryn’t de bern ferkeare. “En,” sa seit Tialda Hoogeveen, “it giet oer feiligens dy’t net oeral fanselssprekkend is, mar troch minsken as juf Julia de wrâld ynbrocht wurdt.”
It prachtich yllustrearre boek Maia en har freonen kostet mar in tienstje (€ 10,-) en is te keap by Fryske boekhannels en fia ús webshop.
Geef een reactie