Presintaasje lytse blomlêzing Fryske dichters

geplaatst in: Geen categorie | 0

Yn dit lytse boek wurdt in skets jûn fan it wurk fan tsien renommearre Fryske dichters.
It boek is gearstald troch in wurkgroep fan fiif leden fan it Skriuwersbûn en troch dizze
wurkgroep ûndertusken oanbean oan bestjoer en sjuery fan de stichting P.C. Hooft-prijs.
Dy sjuery is krekt begoan mei har wurksumheden, dy’t liede sille ta de foardracht fan in
winner fan dizze Nederlânske oeuvrepriis. Yn maaie 2024 wurdt de priis takend oan in
(Nederlânsktalige of Frysktalige) dichteres of dichter. “Naar gelang het Noorden” wurdt
útjûn troch útjouwerij De Ryp en is fan nije wike ôf te keap.

It programma foar 3 july sjocht der sa út:

  • Fan 16.30 ynrin, kofje en oranjekoeke yn de besikersromte fan it provinsjehûs
  • 16.45 wy ferhúzje meimekoar nei de histoaryske Steateseal
  • Wolkomstwurd troch foarsitter Willem Verf fan it Skriuwersbûn
  • Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
  • Martsje de Jong jout út namme fan de wurkgroep in koarte presintaasje fan de
    ynhâld fan de brosjuere en oerlanget oanslutend it earste eksimplaar oan de
    Deputearre
  • Reaksje fan Sietske Poepjes
  • Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
  • Ôfsluting troch útjouwer Hille Faber

Elkenien dy’t de Fryske skriuwerij in waarm hert tadraagt is dizze middei fan herte wolkom!

Útjouwer, wurkgroep en bestjoer Skriuwersbûn

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *