Op sneon 30 novimber 2024 is yn Museum Dr888en de presintaasje fan it boek De reis fan it famke. De susters Catharina en Hilleke Lautenbach ha dit mearke skreaun (Catharina) en de illustraasjes makke (Hilleke). It boek is in aventoerlik mearke dat in laits opropt én yn it moed taastet. Foar jong en âld en elkenien dy’t fragen hat oer it doel fan de syktocht yn it libben.
Martsje de Jong kriget it earste eksimplaar, der is muzyk en Catharina en Hilleke sille sels ek oan it wurd. De presintaasje begjint om 15.15 oere (ynrin fanôf 14.45), as jo fan doel binne te kommen graach efkes opjaan by: faberhillebrand@gmail.com.
De reis fan it famke giet oer in famke dat har swantsje en waarme eilân ferlit om te sykjen nei in suske. Op de rêch fan in walfisk doarmet se oer grutte seeën en stekt ûnderweis oan op ferskate eilannen. Se moetet frjemde minsken, lykas in man dy’t op reinwetter sit. De bisten dy’t se treft ha ek har nuveraardichheden, lykas in ûltsje dat gjin pykjes ha wol om’t se leaver in kniperke docht yn de waarme sinne.
De moetings mei al dy bjusterbaarlike wêzens roppe nije fragen by it famke op: wat jout wearde oan it libben? Is in suske it antwurd?
Geef een reactie