Presintaasje berneboek Paula en de weirekke spegel

geplaatst in: Geen categorie | 0

Op moandeitemoarn 20 jannewaris presintearre Utjouwerij DeRyp yn museum Belvédère in Frysk berneboek: Paula en de weirekke spegel, skreaun troch Marije Sennema, mei yllustraasjes fan Tijana Lukovic. Tagelyk mei de Fryske ferzje ferskynden twa oare edysjes. Der is nammentlik ek in ferzje yn it Nederlânsk makke, en in twatalige ferzje yn it Dútsk en it Öömrang, it Noard-Fryske dialekt fan it eilân Amrun, dêr’t it ferhaal him ôfspilet.

Tialda Hoogeveen kriget it earste eksimplaar

Der binne nochal wat redenen wêrom’t dit berneboek sa spesjaal is. As earste is it in oarspronklik Frysk berneboek. Der ferskine gelokkich aardich wat berneboeken yn it Frysk, mar de measte binne oersettingen. Net sa gek dus dat Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, it earste Fryske eksimplaar yn ûntfangst nimme mocht.

Fierders is Paula en de weirekke spegel in moai lyts, realistysk ferhaal oer it famke Paula dat sels in kadootsje meitsje wol foar har beppe troch in selsportret te skilderjen. As dat earst net slagget, wurdt it ferhaal ek in syktocht nei de eigen kreativiteit.

Der sit in lyts mearke-eftich elemint yn it ferhaal: Paula heart in spegel tsjin har praten! Dat mearke-achtige fynst ek werom yn de kleurrike, orizjinele yllustraasjes fan Tijana Lukovic. Tijana hat wol faker in mearke-eftige styl fan tekenjen/skilderjen. Yn dit boek past dat geweldich by it ferhaal. De yllustratrise makket ek moai gebrûk fan de sfear fan it eilân dêr’t it ferhaal him ôfspilet: fielst de romte fan it strân, rûkst de see en sjochst geregeld de read-wite fjoertoer.

Dat it ferhaal him ôfspilet op it lytse Noard-Dútske Waadeilân Amrun komt troch de ynspiraasjeboarne foar dit ferhaal: de skilderes Paula Modersohn – Becker (1876 -1907). Skriuwster Marije Sennema fertelde by de presintaasje hoe’t se troch dizze ekspresjonistyske Dútske skilderes ynspirearre waard foar dit boek by in besite oan it Paula-Modersohn-Becker Museum yn Bremen.

Ynearsten wie it har bedoeling om yn in berneboek it libbensferhaal fan dizze bysûndere skilderes te fertellen, mar dat waard wol in soad ynformaasje foar in berneboek. In pear meilêzers, wêrûnder berneboekeskriuwer Paul van Dijk, en útjouwer Hille Faber retten har oan om der mear in eigen ferhaal fan te meitsjen. De gearwurking mei Tijana holp ek om it úteinlike ferhaal foarm te jaan.

Tijana Lukovic, oerkaam út Gent yn België, fertelde oer de gearwurking tusken har en de skriuwster. Oan de hân fan foto’s fan it eilân Amrun, dêr’t sy sels nea west hat, en holpen troch har sterke ferbylding, hat se de yllustraasjes by dit ferhaal meitsje kinnen.

Paula Becker is berne yn 1876 yn Dresden, mar de húshâlding ferhuze nei Bremen doe’t se tolve wie. Op sechstjinjierrige leeftiid naam se teken – en skilderlessen en sa ûntwikkele se har ta keunstner. Op in stuit kaam se yn oanrekking mei de keunstnerskolony yn Worpswede, krekt boppe Bremen. Se fielt har wol thús by dy keunstners dy’t wat out of the box tinke, mei ynteresse foar it ljocht yn de bûtenloft en it libben tichter by de natuer.

Se trout mei de oprjochter fan de keunstnerskolony, Otto Modersohn, mar bliuwt ek har eigen paad gean, bygelyks troch ferskate kearen les te nimmen yn Parys. Yn har wurk, bygelyks har selsportretten, sjogge wy in ferlykbere syktocht as fan de lytse Paula yn it boek. Dy giet op ‘e siik nei de weirekke spegel, mar feitliken wurdt it in syktocht nei har eigen kreativiteit. Dat eigen paad siket en fynt Paula Modersohn ek.

Spitigernôch hat se dêr net sa lang fan genietsje kinnen. Yn 1907 wurdt har dochter berne, se is dan 31 jier âld, en se stjert in pear wike letter oan in longemboalje. Wat oerbliuwt binne har skilderijen, wêrfan benammen de selsportretten oare keunstners, foaral skilderessen, ynspirearre hawwe. Yn dy selsportretten doart se harsels sjen te litten, net moaier as se is, mar wol wis fan harsels. In prachtich foarbyld dêrfan is it ‘Selsportret mei hoed en wale’, dat ek ôfprinte is yn Paula en de weirekke spegel.

Yn 1903 hat Paula Modersohn-Becker de simmer trochbrocht op Amrum. Op dat Dútske Waadeilân wurdt it Öömrang praat, in Noard-Frysk dialekt. Yn Fryslân is dat by guon wol in bytsje bekend, want de ferline jier ferstoarne Fryske skriuwer Jarich Hoekstra spruts dy taal mei syn frou dy’t fan Amrun is. Hoekstra wie njonken skriuwer ek heechlearaar Frysk oan de Universiteit fan Kiel. De Dútske taalkundige Robert Kleih studearre yn 2016 ôf by professor Hoekstra.

Fia sosjale media is Hille Faber fan Utjouweij DeRyp yn kontakt kaam mei dizze Robert Kleih dy’t ek foarsitter is fan de Ferring Stiftung op it Noard-Dútske eilân För – njonken Amrun. Troch dat kontakt waard it mooglik dat Paula en de weirekke spegel net allinnich yn it Nederlânsk oerset is, mar ek yn it Dútsk en it Öömrang. Robert Kleih dy’t oanwêzich wie by de boekpresintaasje yn Belvédère, hope wol dat it by syn weromkomst yn Noard-Dútslân heech wetter wêze soe. Oars soe er wolris net op de fearboat komme kinnen. Syn auto lei troch de doazen mei boeken in stik leger op ‘e dyk as oars.

Daliks foarôfgeand oan dizze boekpresintaasje wie it boek trouwens al oan in skoalklasse út De Knipe presintearre. De bern krigen earst in koarte rûnlieding troch in part fan it museum. Dêrnei koene se harkje nei it begjin fan it ferhaal oer Paula en de weirekke spegel, foarlêzen troch de skriuwster sels. Fansels mochten dy bern nei in gleske limonade in pear boeken meinimme nei de klasse om fierder te lêzen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *