Op 8 juny 2024 ferskynt by Utjouwerij DeRyp de ferhalebondel Bern op ‘e romte fan Klaas Ybema. It binne 45 ferhalen oer syn eigen bernejierren op ‘Pankoeken’, in buorskipke fan in pear pleatsen tusken Wytmarsum en Hichtum. De ferhalen geane oer it libben op dy pleats fan in grifformearde húshâlding yn in ferpyldere mienskip. It boerewurk, de skoalle, de feestdagen, de fakânsjes, de deistige dingen. Yn in podcast kin men alfêst lústerje nei fiif ferhalen, foarlêzen troch Klaas Ybema sels.
Geef een reactie