Oandacht foar Tsjilp!

geplaatst in: Geen categorie | 0

Wylst de Nederlânske útjefte (Tjilp!) krekt útkaam is, joech it Friesch Dagblad ôfrûne freed omtinken oan de Fryske útjefte fan de 25 fûgelgedichten van Eppie Dam mei likefolle linofiken fan Lienke Boot. Elke freed praat in Fryske boekhanneler yn it Friesch Dagblad oer aktuele titels dy’t opfalle. Freed 26 juny kaam Elisabeth Abels-Gorter oan it wurd, haad fan de Afûkwinkel yn Ljouwert.

Abels-Gorter fertelde oer in nij berneboekje yn de populêre Tomke-rige, oer in Hollânsktalige byografy fan Mindert Hepkema en oer de nijste fersebondel fan Arjan Hut. Op it lêst hat se ek omtinken foar Tsjilp! Dat se dit boek neamt, wylst it twa jier lyn al publisearre is, komt net troch de Hollânske oersetting dy’t krekt ferskynd is, mar troch in útstalling yn Museum Sloten. Dêr binne net allinnich de gedichten fan Eppie Dam te lêzen, mar ek de orizjinele lino’s fan Lienke Boot te sjen fan de 25 fûgels dy’t Dam yn syn gedichten beskriuwt.

De eksposysje ‘Twee zielen. één natuur’ is noch oant 31 oktober te sjen yn Museum Sloten, Heerenwal 48 yn Sleat. It museum is iepen op tiisdei oant en mei freed 11 – 17 ûre en op sneon en snein 13 – 17 ûre. Wol fan te foaren reservearjen! Tsjilp! 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters is te keap yn ús webshop. Ek de Hollânske ferzje is dêr te keap. It boek is op ferskate plakken yn Fryslân te keap: by de Afûk en Van der Velde yn Ljouwert, Van der Velde yn Snits, It Boekhuis yn Bolsert en Warkum, Bruna yn Balk, boekhannel Muizelaar yn koudum en Galerie Fries Goed yn Olderberkeap.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *