Nij hjoeddeisk mearke nei printerij

geplaatst in: Geen categorie | 0

Dizze wike is in nije útjefte fan Utjouwerij DeRyp nei de printerij gien. It orizjinele boek sil fan 30 novimber ôf te keap wêze. It giet om De reis fan it famke, in aventoerlik mearke dat in laits opropt én yn it moed taastet. Foar jong en âld en elkenien dy’t fragen hat oer it doel fan de syktocht yn it libben. It boek is makke troch Catharina en Hilleke Lautenbach.

De reis fan it famke giet oer in famke dat har swantsje en waarme eilân ferlit om te sykjen nei in suske. Op de rêch fan in walfisk doarmet se oer grutte seeën en stekt ûnderweis oan op ferskate eilannen. Se moetet frjemde minsken, lykas in man dy’t op reinwetter sit. De bisten dy’t se treft ha ek har nuveraardichheden, lykas in ûltsje dat gjin pykjes ha wol om’t se leaver in kniperke docht yn de waarme sinne.
De moetings mei al dy bjusterbaarlike wêzens roppe nije fragen by it famke op: wat jout wearde oan it libben? Is in suske it antwurd?

De susters Lautenbach ha tegearre dit orizjinele mearke skreaun (Catharina) en de ferrassende yllustraasjes makke (Hilleke).

Boekpresintaasje

Op 30 novimber 2024 wurdt De reis fan it famke presintearre yn Museum Dr8888 (tsjinoer de bibleteek), Museumplein 2, 9203 DD Drachten. Tiid 15.30 – 16.30 oere (ynrin fanôf 15.00 oere). It is de bedoeling dat it in fleurige boekpresintaasje wurdt mei in muzykje derby.

Elkenien is fan herte wolkom, de tagong is om ’e nocht!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *