Ein jannewaris 2025 ferskynt in orizjineel Frysk printeboek by Utjouwerij DeRyp mei de titel Paula en de weirekke spegel. Skriuwer fan it ferhaal is Marije Sennema en de printen binne makke troch yllustrator Tijana Lukovic. De offisjele presintaasje fan it boek fynt plak op 20 jannewaris 2025 yn museum Belvédère yn Oranjewoud.
It boek is ynspirearre op de Dútske ekspresjonistyske skilderes Paula Modersohn-Becker (1876-1907), yn it bysûnder op har selsportretten. Yn de simmer fan 1903 hâlde de keunstner in skoft ta op it Noard-Fryske eilân Amrum. Om’t sy op Amrum west hat en fanwegen de besibbens fan it Noard-Frysk mei it Frysk sa’t wy dat yn Nederlân kenne, is derfoar keazen om it ferhaal op Amrum te situearjen en Frysktalich te meitsjen.
Op Amrum wurdt Öömrang praat, in fariant fan it Noard-Frysk. Fia sosjale media hat in sjoernalist út Noard-Dútslân fernommen dat it boek Paula en de weirekke spegel deroan siet te kommen. Dy joech de Ferring Stiftung yn Alkersum op it eilân Föhr (tichteby Amrum) in wink. Dy stifting hâldt him ûnder oaren dwaande mei ûndersyk nei en promoasje fan de Noard-Fryske taal en kultuer, yn it bysûnder dy fan de eilannen Föhr en Amrum.
Utjouwerij DeRyp hat doe kontakt socht mei dy stifting. Se wiene dêr wakker ynnommen mei de útjefte fan it boek en hiene niget oan in oersetting fan it boek yn it Öömrang. Dat sil no barre en ôfrûne wike is der in oerienkomst sletten mei de foarsitter fan de Ferring Stiftung (Robert Kleih) dat dy oersetting der komme sil. It is de bedoeling dat beide útjeften ein dit jier tagelyk klear binne.
Geef een reactie