Tritich minsken, mear mochten der fanwegen de koroanamaatregels op freed 11 desimber net yn de gymseal fan it doarpshûs fan It Heidenskip. Dy waarden krekt om fjouwer oere wolkom hiten troch Jan Pieter Dykstra, de foarsitter fan de stifting Utjouwerij DeRyp dy’t dizze middei twa nije boeken yn ‘t ljocht joech. It iene wie it boek Marten Groenhof, boer/skilder fan It Heidenskip mei tsientallen grutte en lytse foto’s fan it wurk fan Groenhof. It oare wie in fotografyske werprintinge fan in sketsboek fan Groenhof.
In spesjaal wolkom wie der foar boargemaster Jannewietske de Vries en skriuwer Hylke Speerstra en fansels foar de famylje Groenhof. Marten, neef en nammegenoat fan de skilder Groenhof hat in soad stipe jûn oan de útjouwer. Dykstra joech ek in koart oersicht oer it ûntstean fan it boek oer Marten Groenhof dy’t al tebek giet nei 2009. Doe organisearre de Fékeuringskommisje Warkum in útstalling fan skilderijen fan Marten Groenhof yn it doedestiidse gemeentehûs fan Nijefurd oan de Merke yn Workum. Yn 2018 kamen minsken fan de Grutte Tsjerke fan Warkum by Jan Pieter Dykstra om te freegje oft hy net wer in útstalling fan it wurk fan Marten Groenhof regelje koe, yn it ramt fan Tsjerkepaad.
Dat slagge, en doe kaam Hille Faber mei it idee om mear te dwaan mei it wurk fan Groenhof. Sa ûntstie it idee foar in boek. Hile Faber en Jan Pieter Dykstra sochten kontakt mei de famylje Groenhof yn Ir Heidenskip en fan it simmer hat Utjouwerij DeRyp in oprop dien om wurk fan Groenhof op de foto sette te litten. Dat smiet ein augustus sa’n 170 foto’s op, in soad mear as ferwachte. In romme kar út dy foto’s binne opnaam yn it boek dat prachtich foarmjûn is troch Johan Bouwhuis. As ynliding op de foto’s fan de skilderijen skriuw Dykstra ek in biografy fan Marten Groenhof en syn frou Itte.
It earste eksimplaar fan Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip waard dêrnei op in singeliere wize, alhiel koroanaproof, útrikt oan boargemaster Jannewietske de Vries. Dy wie “hiel wiis” mei it boek. Se fertelde dat yn it kolleezje wol wethâlders wiene dy’t fannemiddei nei It Heidenskip wollen hiene, mar dat sy sels graach hjirhinne woe. Se sei ek dat it him yntinke lit hoe’t de boer/skilder Marten Groenhof yn syn tiid fan it lânskip genietsje koe, doe’t de fûgels har ek noch folle mear hearre lieten. Hoe moai is it dat hy dat âlde gea sa fêstlein hat mei syn skilderijen. De oerheid moat der alles oan dwaan om dat âlde gea wer mear werom te krijen en oandacht foar dit boek oer Marten Groenhof soe dêr wolris oan meihelpe kinne.
Hille Faber bea oan neef en nammegenoat Marten Groenhof in moai restaurearre tekening fan Marten Groenhof oan. It wurk lei op syn souder, mei noch 36 skilderijen fan Marten Groenhof. De tekening wie tige oantaaste troch sulverfiskjes, mar ûnder oare mei help fan keunstskilder Bouke Hobma fan Blauhûs sjocht it der no wer kreas út. Neef Marten naam it tankber yn ûntfangst en sei dat yn oare tiden mar wer in moaie eksposysje ynrjochte wurde moat mei it wurk fan syn omke.
Dêrnei fertelde Hille Faber oer wat se allegear noch fûn hiene yn de laadsjes fan it wurkplak fan Groenhof. Foarmjouwer Johan Bouwhuis woe noch wat foto’s fan Groenhofs atelier meitsjen en fûn dêr doe ek in sketsboek fan Marten Groenhof. Groenhof makke yn dat sketsboek 19 akwarellen fan de ûngetiid op de Krúspôllen, in eilantsje yn de Fluessen. Ûnder eltse bledside stiet in gedichtsje fan fjouwer rigels dat Marten Groenhof sels skreaun hat. It wie te moai om dêr neat mei te dwaan, dat fan dat sketsboek hat de útjouwer in fotografyske werprintinge meitsje litten. It earste eksimplaar fan De Krúspôllen gie, ek wer fia de skeppe, nei de skriuwer fan it histoaryske boek De Oerpolder, Hylke Speerstra.
Speerstra wie der stil fan, mar wist ek noch wol wat oantinkens oan Marten en foaral ek oan syn frou Itte te fertellen. Speerstra neamde in oantal ‘kearpunten’, wêrûnder de ruilferkafeling dy’t Marten Groenhof meimakke hoe, mar ek it aaklike ‘kearpunt’ doe’t Itte op hege leeftiid ophâlde moast mei de buorkerij, om’t de koöperaasje De Goede Verwachting har te lytse molketank net mear leegje woe. In kearpunt is ek de feroaring fan it lânskip en, sa sei Speerstra, dêrom is it ek sa belangryk dat we no yn it sketsboek De Krúspôllen sjen kinne hoe’t it west hat. Hy wie dan ek “ferskriklik wiis” mei it earste eksimplaar dat er fan it boekje krigen hie.
Nei it praatsje fan Hylke Speerstra slute Jan Pieter Dykstra de middei ôf. Mar dat die er net foardat Johan Bouwhuis, útsein foarmjouwer fan it boek Marten Groenhof, boer/skilder fan It Heidenskip ek bestjoerslid fan Warkums Erfskip, in database krige mei de beskriuwing fan alle skilderijen dy’t Utjouwerij DeRyp ynventarisearre hat. Nei ôfrin koe elkenien dy’t it boek yn ‘t foar besteld hie dat ophelje. Der waard daliks in soad yn omblêde.
De Workumer krant Friso plaatste in de uitgave van 15 december 2020 een uitgebreid en uitermate sfeervol verslag van de presentatie:
Klik hjir foar it hiele ferslach fan de presintaasje yn it Bolswards Nieuwsblad.
Ook de papieren editie van het Bolswards Nieuwsblad (17 december 2020) plaatste een verslag van de presentatie:
Geef een reactie