Oankommende snein, 21 july 2024, is Klaas Ybema, skriuwer fan it boek Bern op ‘e romte te gast yn it programma Buro de Vries. De útsjoering kommende snein is fan 12.00 oant 13.00 oere by Omrop Fryslân.
Yn juny fan dit jier waard dizze earste ferhalebondel fan Ybema presintearre yn de tsjerke fan Skettens. It boek bestiet út 45 ferhalen dy’t it libben beskriuwe fan in bern op in pleats op ‘e romte tusken Hichtum en Wytmarsum.
De pleats foarme mei noch ien oare pleats it buorskip Pankoeken dat allinnich berikber wie fia Wytmarsum. Tidens de útsjoering sil Klaas Ybema ek ompanderje yn en om it gea fan de pleats. It docht bliken dat it boek de lêzer oansprekt, yn in moanne tiid binne der al in lytse 400 fan ferkocht en komt de ein yn sicht fan dizze oplage.
Ofrûne sneantejûn lies Klaas Ybema guon ferhalen foar yn it lytste tsjerkje fan Fryslân, yn Nijhuzum. Tusken de ferhalen út Bern op ‘e romte troch, song Jelle van der Meulen inkelde lieten wylst hy himsels begeliede op akkordeon. Hille Faber die in ynterview mei Klaas Ybema. As in soarte fan tagift lies Klaas doe noch in Nederlânsk ferhaal foar oer de gymles op ‘e middelbere skoalle. Utjouwer Hille Faber seach yn dat ferhaal dochs wol in begjin fan in nij boek mei ferhalen fan hoe’t it fierder gyng mei dat jonkje út Bern op ‘e romte.
Geef een reactie