Iepening eksposysje en boekpresintaasje yn it Breahûs yn Balk

geplaatst in: Geen categorie | 0

Op freedtemiddei 27 juni 2025 is der om 16.00 oere yn it Breahûs oan ’e Luts te Balk de iepening fan in eksposysje mei skilderwurk fan Pier Feddema (1912-1984). Tagelyk is der ek de presintaasje fan de poëzybondel Brutsen Lok fan Folkert Verbeek.

Pier Feddema wie ien fan de oprjochters fan de ekspressionistyske kildersgroep ‘Yn’e line’. Oare leden wiene Klaas Koopmans, Jan van der Bij, Sjoerd Huizinga en Jaap Rusticus. Feddema hat yn de jierren sechstich les jûn op ’e Chr. Mavo yn Balk. Yn ’e lêste jierren fan syn libben kaam Feddema werom nei Balk.

Folkert Verbeek hat syn hiele libben lang ferver west yn Sleat mar hy hie ek nocht oan it meitsjen fan tekeningen en skilderijen. Ek it skriuwen fan poëtyske teksten wie syn ding, sa hat er bygelyks dwaande west mei it Frysk Lieteboek foar Tsjerken. En no komt er mei in hiel persoanlike dichtbondel dy’t as titel meikrigen hat Brutsen Lok.

Wolle jo dizze middei meimeitsje yn it Breahûs, dan kin dat, jo bin fan herte wolkom. Graach efkes opjaan by: info@utjouwerij-deryp.nl .

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *