Foto-ympresje presintaasje Te pearde-Te peerde

geplaatst in: Geen categorie | 0

Op freedtemiddei 14 april waard yn kafee de Freonskip yn Blauhús de Frysk-Nederlânske blomlêzing fan de gedichten fan Eeltsje Hettinga Te pearde–Te peerde presintearre. Foarsitter fan de Gerben Rypma Stifting út Blauhús Sicco Rypma die it iepeningswurd. Dêrnei kamen Steven de Winter (freon fan de dichter) en Syds Wiersma (dichter) oan it wurd. Elske Schotanus stalde de twatalige blomlêzing Te pearde–Te peerde gear, soarge foar de oersettingen en skreau der in ynliedend essay by. Sy lies twa gedichten út de bondel foar, ien yn it Nederlânsk en ien yn it Frysk.

Dêrnei wie it de beurt oan skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga sels. Hy krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheid om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Eeltsje Hettinga rikte it earste eksimplaar fan Te pearde–Te peerde út oan syn suster Wytske. Foardat it oanwêzige publyk noch efkes lekker rom sitte koe yn De Freonskip of bûten op it terras, sei Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp noch in pear wurdsjes. De blomlêzing Te pearde-Te peerde is útjûn troch Utjouwerij DeRyp en ferskynt boppedat as bysûndere útjefte fan kultureel tydskrift de Moanne.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *