Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Presintaasje Fryske oersetting ‘Of mice and men’ fan John Steinbeck

november 6 @ 15:30 - 16:30

John Steinbeck (1902-1968) is ien fan de grutste Amerikaanske skriuwers fan de 20e iuw. Syn boek Oer mûzen en mannen kaam út yn 1937 en troch dat boek rekke Steinbeck fuortendaliks wrâldferneamd. Jan Pieter Dykstra Hzn. fan Warkum is de oersetter fan dit boek. It is syn twadde oersetting fan ien fan de romans fan John Steinbeck. Yn 2019 ferskynde by útjouwerij De Ryp de oersetting fan it boek Cannery Row, yn it Frysk: Blikbuert. Dizze earste oersetting is skjin útferkocht. Dykstra is op dit stuit dwaande mei it oersetten fan in roman fan F.Springer (Met stille trom) en yn de tuskentiid hat er him ek noch dwaande holden mei it boek oer de keunstner Klaas Werumeus Buning.

De presintaasje fan Oer mûzen en mannen fynt plak op snein 6 novimber 2022 yn it tsjerkje op Brânbuorren 18 yn It Heidenskip. Nei ôfrin is der kofje/tee as in slokje yn it Swaeigat (doarpshús) fan it Heidenskip. As sprekker is útnoege professor Goffe Jensma, histoariskus en oant en mei dit jier heechleraar yn de Fryske taal- en letterkunde oan it Frysk Ynstitút fan de Fakulteit der Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins (RUG). Muzikale meiwurking wurdt verliend troch in spesjaal foar dizze dei oprjochte band.

Jo binne fan herten wolkom. Wy fernimme graach fan jo as jo fan doel binne om te kommen en mei hoefolle personen as jo komme! Mail nei: info@utjouwerij-deryp.nl

Gegevens

Datum:
november 6
Tijd:
15:30 - 16:30

Locatie

Brânbuorren 18, It Heidenskip