Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Presintaasje boek oer skilder Klaas Werumeus Buning

9 september 2022 @ 17:00 - 18:00

Presintaasjeboek + iepening útstalling wurk fan Klaas Werumeus Buning

 

Op freed 9 septimber om 17.00 ûre is yn de Klameare te Warkum de presintaasje fan it boek No sa fan en oer skilder Klaas Werumeus Buning yn de Klameare te Warkum. Dit boek dat skreaun is troch Sabine van den Berg en Jan Pieter Dykstra Hzn. jout ynsjoch yn it tal wurken dat dizze yn Pietersbierum wenjende keunstskilder oant no ta makke hat. Fansels binne in protte fan syn wurken ôfprinte yn dit boek.

Tagelyk mei de presintaasje fan dit keunstboek wurdt yn de stêd Warkum in eksposysje iepene mei in lytse tritich wurken fan Klaas Werumeus Buning. It wurk hinget net byinoar mar is te finen op 13  lokaasjes yn de stêd, dat giet fan de lokale koffie shop oant in partikulier wenhûs en fan it âlde Stedshûs oant in antyksaak oan it Súd. Yn de Waag is in plattegrûn beskikber sadat besikers alle lokaasjes bylâns kuierje kinne. De eksposysje set útein op 10 septimber tidens it jierlikse Uitfestival en duorret oan’t ein septimber ta, fansels is de tradisjonele Feekeuringsdei  ynbegrepen.

Gegevens

Datum:
9 september 2022
Tijd:
17:00 - 18:00

Organisatoren

Utjouwerij DeRyp
Organisaasje UITFestival

Locatie

Klameare, Warkum
Merk 1
Workum,
+ Google Maps