Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Presintaasje twatalige blomlêzing Eeltsje Hettinga

14 april 2023 @ 15:30

Blomlêzing te pearde/te peerde

 

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheid om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Skriuwster Elske Schotanus stalde de twatalige blomlêzing ‘te pearde-te peerde’ gear, soarge foar de oersettingen en skreau der in ynliedend essay by. It boek wurdt útjûn troch Utjouwerij DeRyp en ferskynt boppedat as ekstra nûmer fan kultureel tydskrift ‘de Moanne’

Der binne twa presintaasjes fan dizze blomlêzing. Op freed 14 april is der yn kafee ‘de Freonskip’ te Blauhús in presintaasje dy’t om 15.30 oere útein set en op woansdei 19 april o.s. om 16.00 oere is der in twadde presintaasje yn kafee ‘De Gouden Leeuw’ (Tresoar) te Ljouwert.

Elkenien fan herten wolkom.

Gegevens

Datum:
14 april 2023
Tijd:
15:30

Locatie

De Freonskip
Vitusdyk 15
Blauhús, 8615 LL
+ Google Maps