Waling Dykstra – Folksskriuwer. Proaza, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries

In jier nei de publikaasje fan Duvelskeunstner, in blomlêzing 19e-iuwske gedichten fan de Fryske skriuwer Waling Dykstra (1821-1914), publisearret Utjouwerij DeRyp fan dizze skriuwer no (2020) ek in karlêzing mei ferhalen: Folksskriuwer. Krekt as Duvelskeunster is dizze bondel ferhalen besoarge troch Abe de Vries, dy’t der ek in ynlieding by skreau. Beide boeken binne útjûn yn itselde formaat, mei in hurde kaft en in stofomkaft dêr’t behalven de titel ek de kleur fan ferskilt.

Oars as Ype Poortinga yn 1971 yn de blomlêzing In dei fan plezier kiest Abe de Vries njonken de mear folkloristyske ferhalen ek de mear sosjaal-krityske ferhalen út it wurk fan Dykstra . Dat perspektyf set him midden yn syn eigen tiid en lit sjen hoe bysûnder feardich Waling Dykstra de Fryske taal en literatuer brûkt hat, nei syn hân set en foarme hat, om sa de minsken better bewust meitsje te kinnen fan harren krêften likegoed as fan har tekoartkommingen.

Heechlearaar Fryske literatuur Goffe Jensma sei yn in lêzing by de presintaasje oer dit boek ûnder oare:

“kin literatuer út dy tiid wol los fan dy kontekst lêzen en begrepen wurde? Wat foar redenen soene je betinke kinne om dit boek as in hiel fanselssprekkend presintsje op Sinteklaas oan je famylje of oan je freonen te jaan. Hokker foarmen fan wurdearring kinne je dan tsjintwurdich noch opbringe foar Waling Dykstra en syn teksten? Ik jou in pear mooglikheden.

Alderearst is dat de Frysksinnige lading fan it wurk. It meast foar de hân lizzende antwurd op de fraach wêrom’t je Waling Dykstra lêze moatte soene, hat altyd west en is tink noch hieltyd: omdat hy it is, Walingom – sa’t er yn it lêst fan syn dagen út leafde en respekt  neamd waard.(…) 

Dan it nostalgyske antwurd. De teksten fan Waling Dykstra – ik praat ek út eigen lêsûnderfining – kinne in geweldich langstme nei it ferline yn je oproppe. Nei in wrâld dy’t oars wie as uzes, dy’t my persoanlik noch wol wat werombringt nei myn jeugd op in lyts doarp. Stadiger, minder mobyl, minder wetterkundich, elektro-technysk en digitaal be-netwurke, minder anonym ek. Dêr’t minsken noch oan tiid diene om mei-inoar te praten en dêr’t it noch mooglik wie – ik helje in foarbyld út it boek oan – dat mar leafst tolve froulju tagelyk op kreambesite giene by de frou fan de dominy en dat men oan tiid die om de nammen fan al dy tolve kalm yn jinsels omgean te litten: Wibe skippers Teatske, Hobbe slachters Maaike, Gelske Swannepôle, smidske, masterske, Lutskemuoi, Lolke biisjagers Wytske, Beitske-bûntkoer, Jetske bolrinster, swiete Martsen, Fokje de widdo fan Sipke-hûnegiseler en Sjouk-turfmjitster. In oare wrâld dus, stoffeard  mei typstra’s en sjappy-ekstra’s mei prachtige nammen. (…)

Der is noch in lêste reden – en it is wol de belangrykste – wêrom at Waling Dykstra syn teksten de muoite fan it lêzen noch wurdich binne en dat is hiel ienfâldich omdat it om minsken giet en omdat Dykstra fan minsken hâldt en omdat er der geweldich oer fertelle kin. Dy kwaliteiten dy tille Waling Dykstra – en ik tink dat Abe dit yn syn samling ek goed sjen lit  – boppe syn tiid út. Dykstra wie gewoan in ekstreem goede skriuwer oer maatskiplike omstannichheden: in sosjaal kritikus út de skoalle fan it njoggentjinde-iuwske realisme. Jou it de minsken mar op Sinteklaas soe ik sizze. Moai gedicht derby en klear. Genietsje.

De hiele lêzing fan Goffe Jensma stiet hjir.

De teksten binne selektyf omstavere om se foar de moderne lêzer maklik lêsber te meitsjen. De Vries wiist op de ‘oare wrâld’, dêr’t wy by de ferhalen fan Waling Dykstra yn telâne komme troch it oare, âldere taalgebrûk, mar ek bygelyks troch de beroppen fan de personaazjes en harren oare libben. Dat is foar de moderne lêzer faaks in bytsje dreech, mar it is ek de muoite wurdich om troch te lêzen om’t Waling Dykstra sa’n geweldige ferteller is. Sjoch bygelyks de yntroduksje fan de bedraachster Berber Kruk yn de lêste alinea fan de earste side fan ‘De betsjoende boeredochter’, it earste ferhaal yn de blomlêzing:

Ynterview Abe de Vries

Yn de Leeuwarder Courant (11-12-2020, s. 8-9)) stiet in ynterview mei Abe de Vries oer De Vries syn dichtbondel Blaumelly en oer dit boek mei ferhalen fan Waling Dykstra. Lês it ynterview hjir.

Mear oer it boek

De teksten dy’t Abe de Vries foar dizze blomlêzing keas, binne net allinnich ferhalen dy’t foar in krante, tydskrift of jierboekje ornearre wiene, mar faak ek foar in foarlêzing. En dêr hearre bepaalde techniken by, lykas mear ritme, dialooch en sentimint. Of in retoaryske opbou – soms as in preek , mei dit ferskil dat dy gjin religieus doel, mar in ferlochtingsdoel hawwe.

Der sit in soarte fan paradoks yn Dykstra’s ferhalen. Oan de iene kant lit er him dêryn sjen as progressyf, troch de gek oan te stekken mei de statusfigueren yn de 19e-iuwske maatskippij as dominy of in keapman. Oan de oare kant linet er frijwat op ‘e goede dingen út Fryslâns ferline en dêr hat er dan wer in dúdlik behâldende kant.

De measte ferhalen út de karlêzing datearje út de fyftiger jierren. Dat wie de tiid doe’t Waling Dykstra syn bêste nivo helle. Fan de lettere tiid binne wol inkelde teksten, bygelyks it klassike ’Tebeksjen op ’t ôfleine paad’, wêryn’t Dykstra syn oantinkens oan 25 jier Winterjounenocht beskriuwt.

Men soe Waling Dykstra yn bepaald opsicht sels in literatuerfernijer neame kinne, fanwegen de kar foar it realisme, it skriuwen fan literêre krantestikken en it feit dat er mei it skriuwen fan syn stikken en foardrachten syn jild fertsjinje koe. Ek de ynhâld fan syn ferhalen hawwe soms fernijende aspekten, lykas syn liberale sosjale krityk en de dêrby hearrende propaganda fan it Frysk. It ‘minderheidstalige Frysk realisme fan Waling Dykstra hat fan grut belang west foar Fryslân.

Oer de tweintich ferhalen dy’t Abe de Vries yn dizze blomlêzing sammele is in soad te sizzen. Yn it earste ferhaal, ‘De betsjoende boeredochter’ út 1846 makket de skriuwer op humoristyske wize in boer bespotlik, dy’t troch in nepdokter te fiter naam wurdt. De boer liket yn ús eagen wol hiel dom, dat er him sa op sa’n wize syn jild ôftroggelje lit. Mar as wy de boer fergelykje mei minsken dy’t no jild kwyt reitsje troch ynternetoplichterij, is der yn wêzen faaks net iens in soad ferskil.

Yn de foarlêzing ‘Ynbylding is slimmer as de treddeiske koarts’ kin Dykstra goed syn belangstelling foar de Fryske taal en kultuer sjen litte. By de foarbylden, dy’t oantoane moatte dat ynbylding noch slimmer is as de treddeiske koarts wiist er op histoaryske figueren dy’t te’n ûnrjochte tochten de baas oer Fryslân spylje te kinnen. Mei dy Romeinske fjildhear en ferskate Hollânske greven rûn it net goed ôf. “Mar” sa giet Dykstra dan fierder, de Friezen hawwe it sels ek wol tige ûnderfûn dat ynbylding lieper is as de treddedeiske koarts.” Foaral makket Dykstra him drok om Friezen dy’t tinke dat har eigen taal en kultuer net goed genôch binne: “Folle binne der dy’t har ynbyldzje dat har memmetaal en foarâlderlike seden har lilk steane, en fersmite se dêrom as ûnnut en gemien. ’t Moat allegear mar Hollânsk en Frânsk wêze.” Ek foar dit ferhaal jildt, dat guon saken dêr’t Waling Dykstra him yn de njoggentjinde iuw drok om makket, ek no noch bestean, al soe men yn in modern ferhaal it Frânsk ferfange troch it Ingelsk.

Dykstra is yn dit ferhaal goed op dreef. As in kabaretier giet er te kear tsjin de brike ynbyldings fan de minsken: “Dan binne der ek by de bult dy’t, ja, har memmetaal sprekke, mar se fine dy dochs oarspronklik wat te rou en bot, en geane der dêrom wat mei de skaaf oer. Se witte te praten fan amuseren, fungeren, en generen; en se witte wat inconsequent, interessant en al sokke wurden betsjutte, en al witte se dat ek altyd sa krekt net, se brûke se dochs.” Efkes fierder wiist er derop dat Fryske nammen hieltyd minder yn de oarspronklike foarm brûkt wurde: “Guon frouljesnammen wurde mei safolle swiet oanmongen dat it is om fan te walgjen […]. Soe dat derfan komme dat men de froulju no safolle leaver hie as by âlds? Ik leau it net. Ik skriuw it mear dêroan ta dat it rûne Fryske aard, it sljochte en rjochte der mear en mear begjint út te gean.”

Sok praat is no noch hiel werkenber. Op 24 oktober 2020  stie yn de Leeuwarder Courant in stik oer Fryske foarnammen. De measte regionale foarnammen fan Nederlân binne no noch te finen yn Fryslân, mar dy nammen ferdwine hieltyd mear.

Yn de twa ferhalen mei de titel ‘De winskhoed fan Fortunatus’ is ûnder oare de maatskippijkrityk fan Waling Dykstra te sjen. Yn in petear tusken twa arbeiders by de skearbaas hoopje de arbeiders derop dat harren earmoedige posysje nei de ferkiezingen ferbetterje sil. De skearbaas timperet de ferwachtings mei arguminten as: “ ’t Is frijwat makliker om te sjen wêr’t ferbettering nedich is as om de rjuchte middels te finen wêrtroch ferbettering ta stân te bringen is. En wat ferbetteringen oft der ek komme meie, jimme hoege nea te tinken dat jimme dat sa dalik yn de pong fiele kinnen sille.” Net sa frjemd dat de beide arbeiders wat frustrearre de saak útrinne. Ek hjir sjochst dat de situaasjes dy ‘ t Waling Dykstra beskriuwt ek yn ús tiid soms tige werkenber binne. It petear tusken de arbeiders by de skearbaas soe yn ús tiid samar in petear tusken twa soarchmeiwurkers wêze kinne.

Nijsgjirrich is ek Dykstra’s ferhaal ‘Tebeksjen op ’t ôflein paad’ út 1886. It is in weromsjen fan de skriuwer op 25 jier Winterjounenocht. Ien fan de wichtichste saken dêr ‘ t Waling Dykstra bekend om wurden is, binne de Winterjounenochten, de suksesfolle foardrachtsjûnen dy’t Waling Dykstra sels betocht hat en yn de winterperioade oeral yn it lân joech. Dykstra beskriuwt útgongspunten en doel fan de jûnen en ferhaalt oer hoe’t er ûnthelle wurdt yn de doarpen en oer it drege reizgjen yn dy tiid.

Waling Dykstra skreau libbene ferhalen oer minsken út de 19e iuw dy’t in soad werkenbere dingen belibje as wy yn de 21e iuw. En wier, dat bart, nettsjinsteande de omstavering yn in âlderwetske taal mei wurden en benammen ek tal fan útdrukkings dy’t wy net mear brûke. Mar de lêzer dy’t dêr in bytsje muoite foar docht en him troch dy wat âlderwetske taal hinne wit te slaan, kin grif noch wol genietsje fan dizze âlde ferhalen.

(Gearfetting fan in stik fan Jelle van der Meulen op syn Friese-literatuursite)

Yn it Friesch Dagblad van 11 desimber 2020 stie in moaie kollum Fan Janneke Spoelstra oer Waling Dykstra en oer Folksskriuwer. Waling Dykstra skreau, sa seit Spoelstra, oer ús oerpakes en oerbeppes: “Yn ‘e ferhalen fan Waling Dykstra hearst se praten. Rinst mei harren op, sitst by har yn ‘e keamer. Stiest by se yn ’t bûthús, yn ‘e bakkerij, yn ‘e winkel. Dielst har noeden en soargen, har nocht en wille ek.”

Yn it desimbernûmer (2020) fan it literêre tiidskrift de Moanne stiet ek in ynterview mei Abe de Vries, oer it libben hâlde fan de Fryske literatuer. Oer Waling Dykstra en syn ferhalen seit Abe de Vries û.o.: “Hy skriuwt sa natuerlik en fanselssprekkend. Der is neffens my net ien yn de hiele Fryske literatuer dy’t sa moai, sprektalich, floeiend en ritmysk skriuwt as Waling Dykstra. Ik wol him dan ek graach as spegel foarhâlde oan de skriuwers fan no.”