Froubuert 20201120

Bêste minsken!

‘Waling Dykstra syn betsjutting yn de hjoeddeiske literatuer, útropteken, sei Hille Faber, doe’t ik him frege, wat er woe dat ik wat oer sizze soe. Bêst, sei ik, ik kin it knippe sa’t je it krije wolle. Hoe lang haw ik? Fraachteken. Tsien oant tolve minuten. Utropteken. Komt foar de bakker. Utropteken. 

Mar doe’t Hille wer fan ‘t skerm ôf wie – want it gie hjir om koronêr emailkontakt – doe duorre it mar eventsjes en briek my it swit út. Wat ha ik no yn de frede om hâns hân? Hoe moat ik dit fergemy no werris ha? Wat in ûnmooglike fraach. Utropteken. 

Bêste taharkers, ik begjin opnij. 

Wat ik hjir sa even besocht te dwaan is in pastiche – in neibauwen fan de styl fan Waling Dykstra en ek al kin ik by lange nei net op tsjin Dykstra (want hy wie himsels en ik bin dat fansels net), sa’n begjin jout al wat in yndruk fan syn styl, fan wat je ek yn Abe syn útjefte oantreffe kinne; it direkte, it libbene, it konfrontearjende, de dialooch as dominante fertelfoarm, en dêr komme noch allegear oare stylmiddels by dêr’t Waling Dykstra folle better mei tarist wie as ik oait wêze kinne soe: benammen syn grutte taalfermogen. En dat alles wie der op út om jo as lêzer of as taharker, want syn teksten waarden faker foarlêzen as lêzen, net allinne de tekst yn te sûgjen, mar ek de wrâld achter dy tekst. Lykas in goede moderne roman jo bewust meitsje kin fan wa’t je binne troch dingen yn jo los te meitsjen dêr’t jo noch gjin weet fan hiene, sa makken de teksten fan Waling Dykstra en dy jo bewust fan de wrâld dêr’t jo yn libben. Se wiisden saken oan dy’t je noch noait opfallen wiene en joegen dy in namme, joegen dy nije betsjutting. 

Dat gie sa. Stel jo foar. In boppeseal fan in doarpskafee, in doarpshûs. It wapen fan Jorwert, Ternaard, De Gerdyk of Froubuert. De lucht is blau fan de sigarereek en piiptabak en it publyk sit drok mei-inoar te mûskopjen, yn ôfwachting, mar ynienen falt it stil as der twa manlju it toaniel opkomme. De ien is miskien wol oanklaaid as frou, de oare giet as man. Se begjinne te praten, de ien fansels mei in wat legere, de oare mei in hege kopstim.  Laitsjen, laitsjen, laitsjen, wat in wille. En it duorret mar even, dan ferdwine jo yn dy knappe, puntige dialoochjes, se sûgje jo de wrâld yn dêr’t de beide manlju it oer ha wolle. En se komme tichtby, dy twa, hiel tichtby, want oars as wat je wend binne yn tsjerke op snein, of yn de skoalbanken troch de wike, prate se yn jo eigen taal: it Frysk. Fol mei moaie útdrukkingen en siswizen, al grapjeiend, mar soms ek wer serieus, soms oerflakkich jeuzeljend en dan wer djipsinnich keuveljend, begjinne jo nei te tinken oer wat se sizze, oer har ideeën oer de wrâld om jo hinne en hoe’t je josels dêryn deugdelik omheech hâlde kinne. It Frysk helpt jo om op it rjochte paad fan de ynderlike en uterlike boargerlike beskaving te bliuwen, en dy beskaving waard nedich achte yn de njoggentjinde iuw, yn de tiid dat Nederlân in maatskippij in wurding wie mei in ferskaat oan befolkingsgroepen dy’t yn in proses fan amalgamisearring ferkearden en dêr’t elk syn gerak yn krije moast. Groepen dy’t ien ding mienskiplik hiene, ntl. dat se diel wurde moasten fan de Nederlânske boargerlike maatskippij.  

Dat binne allegear saken dy’t west ha en dy’t yn dy foarm net wer weromkomme. De fraach is dan: kin literatuer út dy tiid wol los fan dy kontekst lêzen en begrepen wurde? Wat foar redenen soene je betinke kinne om dit boek as in hiel fanselssprekkend presintsje op Sinteklaas oan je famylje of oan je freonen te jaan. Hokker foarmen fan wurdearring kinne je dan tsjintwurdich noch opbringe foar Waling Dykstra en syn teksten? Ik jou in pear mooglikheden.

Alderearst is dat de Frysksinnige lading fan it wurk. It meast foar de hân lizzende antwurd op de fraach wêrom’t je Waling Dykstra lêze moatte soene, hat altyd west en is tink noch hieltyd: omdat hy it is, Walingom – sa’t er yn it lêst fan syn dagen út leafde en respekt  neamd waard. Nei Gysbert Japicx en de Halbertsma’s wie Waling Dykstra doe de grutte man fan de Fryske literatuer en de Fryske striid. Waling wie Waling en Fryslân en Fryslân, en omdat dat sa wie, wie it ek sa. Hjir moat fuort opmurken wurde dat it der mei dy wurdearring yn de rin fan de 20ste iuw net better op wurden is. It type folksaardige, op ’e maatskippij rjochte  literatuer rekke út de graasje en waard ferfongen troch de folle mear op it yndividu taspitste literatuer fan de Jong-Friezen -Douwe Kalma-en-dy. Opmerklik is trouwens wol dat Waling Dykstra ek as Frysk strider minder fûleinich wie as de Jong-Friezen mei har dreamen fan in ientalich, kultureel autonoom Fryslân. Dykstra warskôge faker as ienris foar mispleatste provinsjale superioriteitsgefoelens. Mar miskien is it boek krekt dêrom wol sa geskikt foar it type echte Friezen dat miskien wolris wat tefolle mei harsels dwaande binne. 

Dan it nostalgyske antwurd. De teksten fan Waling Dykstra – ik praat ek út eigen lêsûnderfining – kinne in geweldich langstme nei it ferline yn je oproppe. Nei in wrâld dy’t oars wie as uzes, dy’t my persoanlik noch wol wat werombringt nei myn jeugd op in lyts doarp. Stadiger, minder mobyl, minder wetterkundich, elektro-technysk en digitaal be-netwurke, minder anonym ek. Dêr’t minsken noch oan tiid diene om mei-inoar te praten en dêr’t it noch mooglik wie – ik helje in foarbyld út it boek oan – dat mar leafst tolve froulju tagelyk op kreambesite giene by de frou fan de dominy en dat men oan tiid die om de nammen fan al dy tolve kalm yn jinsels omgean te litten: Wibe skippers Teatske, Hobbe slachters Maaike, Gelske Swannepôle, smidske, masterske, Lutskemuoi, Lolke biisjagers Wytske, Beitske-bûntkoer, Jetske bolrinster, swiete Martsen, Fokje de widdo fan Sipke-hûnegiseler en Sjouk-turfmjitster. In oare wrâld dus, stoffeard  mei typstra’s en sjappy-ekstra’s mei prachtige nammen. Wat in treflik selskip! Mar ek hjir is Dykstra miskien moderner, of oars sein, liket er mear op ús as dat je tinke soene. Hy warskôget dat dat gefoel fan stress oer de jachtichheid fan de tiid him ek net frjemd wie. Ek doe lei it gelok yn it ferline en fûnen de minsken dat alles ‘tsjinwurdich’ te fluch gie. Dat gefoel foar snelheid en foar it idee dat je as mins diel binne fan in net omkearber proses fan foarútgong – sabeare foarútgong – diele wy en dat makket dat dy wrâld foar ús noch werkenber is.

Der is noch in lêste reden – en it is wol de belangrykste – wêrom at Waling Dykstra syn teksten de muoite fan it lêzen noch wurdich binne en dat is hiel ienfâldich omdat it om minsken giet en omdat Dykstra fan minsken hâldt en omdat er der geweldich oer fertelle kin. Dy kwaliteiten dy tille Waling Dykstra – en ik tink dat Abe dit yn syn samling ek goed sjen lit  – boppe syn tiid út. Dykstra wie gewoan in ekstreem goede skriuwer oer maatskiplike omstannichheden: in sosjaal kritikus út de skoalle fan it njoggentjinde-iuwske realisme. Jou it de minsken mar op Sinteklaas soe ik sizze. Moai gedicht derby en klear. Genietsje.

It is my in ear om fan dit boek it earste eksimplaar ûntfange te meien en as earste lokwinske út te sprekken. Alderearst oan de útjouwer Hille Faber fan Utjouwerij De Ryp, dy’t der in prachtboek fan makke hat: lekker papier, moaie blêdspegel, goed op it lêzen ynrjochte. De minsken fan de Literêr Histoaryske Rigen: Piter Boersma, Ernst Bruinsma, Meindert Reitsma, Janneke Spoelstra en ik sels, dy’t hjir en dêr wat redaksje op de tekst diene. Mar benammen lokwinsken fansels oan Abe de Vries. Troch syn wurk is hy tink ik wol útgroeid ta ien fan de grutste kenners fan de Fryske literatuer en – en wat belangriker is – hy wit dêrby ek syn leafde foar dy literatuer oer te dragen op syn lêzers, alteast wol op dizze lêzer.