De Fryske dichter Abe de Vries (Winaam, 1965) begûn te skriuwen as Nederlânske sjoernalist. Hy skreau foar Trouw en Elsevier. By Elsevier wie er redakteur oant 2006. Doe waard er útjouwer by de Friese Pers Boekerij. Nei alderlei oernameperikelen gie De Vries dêr fuort en waard lang om let einredakteur by it Friesch Dagblad. Abe de Vries skreau en skriuwt resinsjes, kollums en essees oer Fryske literatuer en kultuer.
Fyfjin jier nei syn poëzijdebút De weromkommer yn it ûnlân en twa jier nei syn foarige dichtbondel Brek dyn klank, ek útjûn troch DeRyp, kaam Abe de Vries yn 2017 mei de bondel Opskuorgebieten. It wie syn achtste dichtbondel en de bondel bestiet út trije skiften. Njonken gedichten dy’t opdroegen binne oan persoanen (lykas Piter Jelles Troelstra en Sjoerd Spanninga) lit er him benammen yn it twadde skift (‘Stúdzjes yn krimp’) ek út oer ûntwikkelingen dy’t yn syn eagen de artistisiteit bedriigje, lykas de kar foar keunstners fan bûten Fryslân dy’t de fonteinen foar KH2018 makken.
De presintaasje fan de bondel wie yn de Groate Kerk fan St. Jabik, de regio dêr ’t de dichter (teffens skriuwer, essayist, fotograef, en hwat er noch mear út ‘e wei set) opwoechsen is en noch wennet. Út in ferslach fan dy gearkomst: “Opheind waerd in byld fan hoe ’t it forrinnen fan de tiid lykas oeral ek yn dit gea en de geast fan de dichter syn fuotprinten efter litten hat. Hy strúnt deryn om, makket dat hwat fan syn gading is ta syn bagaezje om de takomst bireizgje to kinnen. Kipet hjir in skoalmaster om de hoeke fan de tiid, dy ’t op in biskate wize de skiednis fan minsken, it eigen folk, hiem, mienskip, it gea sprekke lit?” Besjoch it hiele ferslach.
Resinsjes
Elmar Kuiper (Leeuwarder Courant 02-02-2018) fynt Opskuorgebieten “in hechte bondel” en neamt de dichter “in kronikeur fan syn tiid”.
Arjan Hut (Friesch Dagblad 27-01-2018) beslút syn resinsje fan Opskuorgebieten mei: “Sa is it in rike, stevige en konfrontearjende bondel, net om’e nocht útbrocht yn in hurd kaft”.
Fideobesprek Opskuorgebieten fan Abe de Vries troch Geart Tigchelaar. Dêryn lêst Tigchelaar ek it gedicht ‘Brief oan Noach’ foar, dat de dichter opdroech oan Eppie Dam:
Friese-literatuursite van Jelle van der Meulen begjint it besprek fan Opskuorgebieten mei dizze twa alinea’s:
“Een beetje flauw zou je van de gedichten in de nieuwe dichtbundel van Abe de Vries kunnen zeggen dat ze in de klei geworteld zijn. Maar beter nog zou je – vrij naar Jacques Perk – kunnen spreken van gebeeldhouwde gedichten, want het zijn stuk voor stuk zorgvuldig opgebouwde gedichten die staan als een huis en klinken als een klok. “
“Opskuorgebieten is de titel van deze achtste bundel van één van Frieslands belangrijkste dichters van dit moment. Naast zijn werk als eindredacteur van het Friesch Dagblad, duikt De Vries op tal van plekken op. Hij lijkt wel een onvermoeibaar strijder voor alles wat met de Friese cultuur te maken heeft. Of het nu gaat om vervuiling van het Friese landschap, het veronachtzamen van de Friese taal of over al of niet terecht haast vergeten Friese dichters, De Vries schrijft erover, niet alleen op sociale media, maar ook in doordachte en goed geschreven essays. Die betrokkenheid bij de Friese cultuur komt ook naar voren in de gedichten die eigenlijk allemaal te maken hebben met plekken of gebeurtenissen waar wat om te doen is en waartegen stelling genomen kan of moet worden, juist ook door de dichter.”
Werom nei bestelside Opskuorgebieten of werom nei produktenside.