‘De hichte beklimme wy’ komt deroan

geplaatst in: Geen categorie | 0

Nei in bult fiven en seizen kinne wy einliks sizze: De hichte beklimme wy komt deroan! De hichte beklimme wy is de Fryske oersetting fan The Hill We Climb, it spoken-word-fers dat Amanda Gorman foardroech by de ynauguraasje fan de nij Amerikaanske presidint Biden yn jannewaris 2021. De Fryske oersetting is fan Friduwih Riemersma, dy’t foar de oersetting frege waard troch Sietske Poepjes, deputearre fan kultuer fan de provinsje Fryslân.

It oersetten hat net iens sa lang duorre, al hat Riemersma der wol in pear wiken oer dien. Ek liet Riemersma Iris Hoekstra meilêze. Dy is sels dichteres en kenner fan Amerikaanse poëzy en spoken word. Mar fan de Amerikaanske útjouwer moast ek noch in saneamde sensitivity reader meilêze. Dat moast ‘in frou fan kleur’ wêze en dat waard Michelle Samba, mei wa’t Riemersma goed út ‘e fuotten koe. Beide froulju hawwe de oersetting trochpraat en op oanwizing fan Samba hat Riemersma in pear dinkjes oanpast.

Mar doe’t dy oersetting op dizze wize yn septimber 2021 klear wie, kaam de tastimming fan de Amerikaanske útjouwerij dochs noch net fuortendaliks. Ek wie der noch in hiel gedoch oer it honorarium fan Riemersma en Samba. Yn de Volkskrant (21 septimber 2021) ferskynde dêr al in stik oer en ek it telefyzjeprogramma Medialogica bestege yn desimber 2021 oandacht oan de oersetting fan The Hill We Climb ûnder de titel ‘Lost in Translation’. Yn dat programma komt neist oersetter Friduwih Riemersma ek Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp oan it wurd.

It duorre oant de twadde wike fan jannewaris 2022 dat it ferlossende wurd kaam dat alles yn oarder wie. No kin Utjouwerij DeRyp it boekje ree meitsje. De foarmjouwer giet oan it wurk en de bedoeling is om sa ’n 500 eksimplaren te printsjen, foar in part bedoeld foar it fuortset ûnderwiis.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *