troch Jelle van der Meulen
Goed sân jier wenje ik no yn Koudum, yn de gemeente Súdwest-Fryslân en ik ha al hiel wat fan dy kwa oerflakte grutste gemeente fan Nederlân sjoen. Mar yn Skettens kaam ik noch net, oant sneon 8 juny. Doe fûn dêr de boekpresintaasje plak fan it Fryske ferhaleboek Bern op ‘e romte fan Klaas Ybema. Klaas learde ik in jier lyn kennen. Ik fytste him yn Warkum foarby, flakby it hûs fan Hille Faber mei wa ’t ik tegearre Utjouwerij DeRyp foarmje. Doe ’t ik ôfstapt wie, kaam ek dy man dy ’t ik foarbyriden wie en sawat krekt sok lang en wyt hier hat as ik, it hiem opriden. It bliek Klaas Ybema te wêzen.
En dy Klaas Ybema (âld-ierdrykskundelearaar en waarman) hie Fryske ferhalen skreaun oer syn jeugd, earst hielendal foar himsels. Mar sa njonkelytsen wie it idee ûntstien dat ek oaren fan dy ferhalen genietsje koene. No, dat wisten wy, Hille en ik fan Utjouwerij DeRyp, wol grif nei ’t Klaas ús in earste ferhaal foarlêzen hie. Dat ferhaal soe úteinlik as haadstik 10 yn it boek Bern op ‘e romte telâne komme, mei de sprekkende titel ‘Húsdieren en (oar) ûnrant’.
It is ien fan de smoute ferhalen út it boek en der steane mear fan sokke tige humoristyske ferhalen yn Bern op ‘e romte. Nim bygelyks it slot fan it ferhaal ‘Ite’ dat Klaas foarlies by de boekpresintaasje yn Skettens. Hiel smaaklik beskriuwt er dêryn it gekletter fan de leppels op ‘e buorden nei ’t de ierappels mei sjú neatige binne. Dat boerd moast nammentlik goed skjin wêze om foar te kommen dat der sjúresten komme soene yn de yochert dy ’t as neigesetsje op itselde boerd kaam as de ierappels.
Oare ferhalen binne soms wat beskôgjender fan aard, soms sels oandwaanlik, mar altyd libben beskreaun. En byinoar jouwe se yn gronologyske folchoarder it libben en de ûntwikkeling wer fan in wat dimmen jonkje op in pleats op it Fryske plattelân fier fan de bewenne wrâld. Gjin anonym plattelân, de pleats bestiet noch altyd en is oan te wizen: ‘Pankoeken’, earne tusken Wytmarsum en Hichtum. ‘Op Pankoeken’ hat lange tiid ek de wurktitel west fan it boek dat as titel krije soe: Bern op ‘e romte. Op in kaart fan it kadaster út 1960 foaryn it boek stiet ‘Pankoeken’ dan ek kreas oanjûn, lykas op in kadasterkaart út 2024 efteryn it boek.
Klaas Ybema wie trije yn 1958 en syn earste oantinkens gean, holpen troch in âldere broer en sus, werom oant dy tiid. Yn 1969 ferhuze de húshâlding Ybema van Pankoeken nei Skettens. Krekt dy perioade op Pankoeken te beskriuwen wie it doel fan de auteur. Ybema wist, doe’t útjouwer Hille Faber him by de boekpresintaasje frege om in ferfolch op dizze perioade te skriuwen, dan ek grif: sa’n ferfolch komt der net, want de tiid op Pankoeken wie sa spesjaal, dat neat oars dêroan tippe kin.
“Hoe wie it libben fan in jonkje yn in grifformearde húshâlding op in fiere pleats yn de sechstiger jierren?” Dat wie ien fan de fragen wêrop ’t Klaas Ybema foar himsels it antwurd socht, doe ’t er oan it skriuwen fan dizze ferhalen begûn. Oan syn neiste sibben liet er dy ferhalen wol lêze, mar mear wie net de bedoeling. Oant de komst fan pakesizzer Hester har oankundige, sa sei Klaas by de presintaasje. Doe begûn it ta him troch te kringen hoe bysûnder oft syn libben op dy pleats sa bûtenút west hie, eat wat oaren, lykas syn pakesizzer, noait begripe kinne soene. Of it moast sa wêze dat er dat dus goed fertelle soe.
En dat docht Klaas Ybema yn de 45 Fryske ferhalen dy ’t yn de bondel Bern op ‘e romte bedarre binne. Nei lang hiftsjen en skiftsjen, skaven en skjirjen foaral ek, op folchoarder sette, slagget de auteur deryn om in hiel soad fasetten fan it libben fan de jonge Klaas op Pankoeken te beskriuwen. De ferhalen gean oer de pleats sels, it wurk op de pleats, húsdieren, winterwaar, oer de sneon en de snein, oer nei skoalle gean en feestdagen. Dat alles beskriuwt de auteur mei de wittenskip en it relativearringsfermogen fan de man dy ’t er wurden is, mar tagelyk mei it gefoel fan it jonkje fan doe. En mei in kostlike miks fan humor en earnst.
Op de boekpresintaasje yn it tsjerkje fan Skettens wiene sa ’n tachtich minsken ôfkaam. Dy harken net allinnich nei Klaas Ybema sels, mar ek nei in tapaslik praatsje fan Henk Dijkstra. Dijkstra wie fyftjin jier direkteur fan it Fries Landbouwmuseum, die ûnder oare ûndersyk nei regionale skiednis en is sels ek boeresoan. Yn syn praatsje wist Dijkstra hiel moai de persoanlike ferhalen fan Klaas Ybema op Pankoeken te pleatsen yn in breder ferbân fan grutte feroaringen op it mêd fan de lânbou.
Yn koart bestek sketste er bygelyks it lânboubelied fan lânbouminister Mansholt yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw. Om de itensproduktiviteit te ferheegjen sette Mansholt ûnder oare yn op skaalfergrutting en it brûken fan masines. Ybema beskriuwt yn haadstik 9 (‘Yn ‘e skuorre’) dan ek hoe ’t in âld hynder net ferfongen wurdt troch in nij hynder, mar troch in trekker. Ynearsten waard dy trekker – in blauwe Ford Dexta 2000 – noch dield mei in omke yn Allingawier, mar dat bliek net handich te wêzen, want “as it heawaar wie op Pankoeken skynde de sinne ek yn Allingawier, dat in jier letter waard der in gloednije twadde trekker oantúgd.”
It earste eksimplaar fan Bern ‘ op ‘e romte oerlange Klaas Ybema oan syn soan Jan, al makke Klaas wol dúdlik dat it eksimplaar eins bedoeld wie foar pakesizzer Hester. Dy lei, lyts as se wie, lykwols lekker te sliepen yn ‘e bernewein. En, sa sei Klaas, it wie dúdlik ek de bedoeling dat Jan de ferhalen út it boek foarlêzen soe oan dochter Hester sadree ’t dy der âld genôch foar wêze soe. Jan Ybema ripostearre dêrop dat er der eins fan útgong dat pake de ferhalen sels wol foarlêze soe oan syn pakesizzer.
De muzyk op dizze boekpresintaasje waard fersoarge troch it frouljuskwartet Zarabanda. Dat kwartet spile doe’t de gasten de tsjerke yn kamen, tusken de ferskate ûnderdielen fan de presintaasje en ek wer doe ’t de oanwêzigen de tsjerke ferlieten om kofje te drinken yn it doarpshûs fan Skettens. Dêr die bliken dat de animearre presintaasje de oanwêzigen dúdlik oanset hie ta it oanskaffen fan it boek. De útjouwer rekke op dizze middei hiel wat eksimplaren fan Bern op ‘e romte kwyt! De fraaie foarmjouwing troch Johan Bouwhuis en de ôfbylding fan de pleats op de foarkant, skildere troch sus Dussy Ybema, sil dêr ek grif oan bydroegen hawwe.
Wa ’t trouwens Klaas Ybema sels foarlêze hearre wol, kin terjochte by de podcast ‘Bern op ‘e romte’. Dêryn lêst de auteur fiif fan de 45 ferhalen foar, nammentlik ‘Hoe’t it begûn’, ‘Wetter en ôffal’, ‘Yn ‘e skuorre’, ‘Húsdieren en (oar) ûnrant’ en ‘Ald en Nij’. Te belústerjen fia Spotify.
Geef een reactie