Terug naar Producten
Oanbieding: 3 dichtbondels Abe de Vries
€37.50 Oorspronkelijke prijs was: €37.50.€15.00Huidige prijs is: €15.00.
De trije dichtbondels fan Abe de Vries dy’t by Utjouwerij DeRyp útkaam binne fan 2015 oant 2020 binne no foar in spotpriis te keap. It giet om de bondels Brek dyn klank (2015), Opskuorgebieten (2017) en Blaumelly (2020). Mei syn trijen kostje se no € 15,-
Categorie: Producten
Gerelateerde producten
Marije Roorda- In spantou om ‘e tiid – útferkocht
Debútbondel fan Marije Roorda. De bondel befettet 31 gedichten, ferdield oer trije skiften: Troch see omseame, Stilsteand wetter en Opkommend tij. Yn har poëzy ûndersiket Roorda wichtige fasetten fan it bestean, lykas leafde en dea. Beskriuwingen fan it lânskip en it ferrinnen fan de tiid komme hieltyd werom.
Ferskynd yn juny 2017, 3e printinge desimber 2017. Útferkocht
De 13 fan Obbe Sjutsje – útferkocht
De 13 fan Obbe Sjutsje. De singeliere histoarje fan de Postma’s fan ’e Tempel yn ’e Sânfurdterryp giet oer wat de beide auteurs yn harren ynlieding 'gewoane minsken' neame. Mar dêr is wol wat mear oer te sizzen. It giet hjir om in goed útdjippe (sosjaal-histoaryske) skiednis fan in fenomeen, nammentlik psychiatryske problemen yn in boerehúshâlding, Roomsk-katolyk, op in efterôfhoeke fan it Fryske plattelân. Want fan de grutte húshâlding - trettjin bern - waarden op syn minst seis fanwegen skizofreny, in unyk mar tige tryst unikum, yn in psychiatryske ynrjochting ûnderbrocht.
Mear ynformaasje oer De 13 fan Obbe Sjutsje
Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip
Marten Groenhof (1925-1978) fan It Heidenskip wie boer, mar hat ek in hiel soad skildere. Hy wie autodidakt en hie in soad each foar de omjouwing fan It Heidenskip en foar alles wat der op it wetter siet dêr yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Hy hat it sels prestearre in eigen tsjotter te bouwen, dêr't er by wedstriden hiel goed mei út 'e wei koe. Yn it ramt fan de Toochdagen dy't DeRyp ein augustus 2020 organisearre, kamen der mear as 175 wurken fan Groenhof foar it ljocht. Al dizze wurken binne opnommen yn it Groenhof-stamboek en tagelyk ek profesjoneel op de foto set. In grut part fan dizze foto's stean yn it dit boek Marten Groenhof, boer/skilder yn it Heidenskip. Dêryn is ek in koarte libbensbeskriuwing fan Marten Groenhof opnommen en foto’s fan it atelier en de boerebehuzing dêr't Marten en de frou har hiele libben wenne hawwe.
Mear ynformaasje oer Marten Groenhof, boer/skilder fan It Heidenskip
Larysa Denysenko – Maia en har freonen
Fryske oersetting fan in Oekraynsk berneboek. It boek giet oer it famke Maia en har klasgenoaten en harren húshâldingen, dy’t allegearre ferskillend gearstald binne. De iene hat in heit en in mem, de oare twa memmen en wer in oar hat in styfmem of in donorheit. It sintrale tema is eins dat bern har oeral feilich fiele moatte. En dy feiligens is op ’t heden yn Oekraïne fier te sykjen, no’t famyljes flechtsje en útinoar falle.
De opbringsten fan de ferkeap komme te’n goede oan UNICEF-Oekraïne, foar help oan bern dêr yn de oarloch.
Mear ynformaasje oer Maia en har freonen