Extra informatie
Auteur | Abe de Vries |
---|---|
Druk | 1e druk |
ISBN | 978-90-834315-4-3 |
Pagina's | 46 siden |
Taal | Frysk |
Verschenen | 31-5-2025 |
Abe de Vries (1965, Winaam) krige yn 2005 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004). Hy wie redaksjelid fan de literêre tydskriften Kistwurk, Farsk en Fers2 en is kultuerrredakteur, kollumskriuwer en poëzijresinsint by it Friesch Dagblad. Dêrneist is er sûnt 2010 haadredakteur fan syn literêre blog Seedyksterfeartfisk.
Njoggen dagen yn it gers is syn tolfde dichtbondel. ‘Untdek it Noarden’ is hjir it biedwurd. Op syn speurtocht slacht de dichter himsels allesbehalve oer. Yntrospeksje en kultuerkrityk geane hân yn hân yn in talich aventoer dat de lêzer meifiert nei de úthoeken fan Fryslân, mar ek nei Spitsbergen, Kalifornië, Oekrayne, Normandië en de Pfalz.
Lykas al syn foargongers bestiet Njoggen dagen yn it gers út nije fersen en al âlder, bewurke materiaal, hieltyd skreaun as transformaasjes fan eigen ûnderfiningen yn talige aventoerkes. En lykas yn syn eardere bondels toant de dichter lef. Hy sparret neat en nimmen, ek himsels net: “Ik hie oan it skriuwen fan poëzij altyd freeslik de skurft”, sa begjint it twadde gedicht yn dizze nije bondel.
Auteur | Abe de Vries |
---|---|
Druk | 1e druk |
ISBN | 978-90-834315-4-3 |
Pagina's | 46 siden |
Taal | Frysk |
Verschenen | 31-5-2025 |