Boeken
Resultaat 13–17 van de 17 resultaten wordt getoondGesorteerd op nieuwste
Elf steden 11 verhalen
Elk ferhaal wurdt yn it Nederlânsk, Frysk of Stedsk ferteld.
11 Ferhalen en 11 bypassende hânynkleure tekeningen
Mear ynformaasje oer Elf steden, 11 verhalen
Blikbuert – útferkocht
Blikbuert is in oersetting fan John Steinbecks ferneamde roman Cannery Row (1941). It boek spilet him ôf yn de rook en it rûzige libben fan Monterey, Kalifornië. De titel komt fan it fabryk dêr’t sardines ynblikt wurde. Blikbuert beskriuwt in kleurrike mjuks fan gokkers, wielderige froulju, sûplappen, skarlunen, omstippers en keunstners dy’t mei elkoar besykje te oerlibjen en troch de tiid skarrelje. De oersetter fan dit boek, Jan Pieter Dijkstra fan Warkum, hat de sfear fan Steinbeck yn it Frysk poerbêst oernaam.
Utferkocht
Mear ynformaasje oer dit boek.
De Trochreed – uitverkocht
Jan Bouwhuis (1920-2014) wenne de lêste jierren fan syn libben yn De Trochreed yn Boalsert. Hjir sette hy 100 ferhalen op papier. Mei humor en selsspot. ‘De Trochreed’ giet oer minsken op jierren dy’t tegearre de dagen slite. Moai en mâl oant de lêste dei.
Mear ynformaasje oer De Trochreed
N.B. Dit boek is uitverkocht
Gerben Rypma: De keunstner fan it dubele krús – útferkocht
GERBEN RYPMA DE KEUNSTNER FAN IT DUBELE KRUS’ is in rynsk yllustrearre boek fan 210 siden mei foto’s, skilderijen en sketsen fan Gerben Rypma. Eeltsje Hettinga (Burchwert, 1955) skreau yn 2010 foar de Gerben Rypma Stifting syn proazadebút – biografyske skets, neamt er it sels – ‘Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús’. Deryn skilderet er mei de libbensrin fan Gerben Rypma (1878-1963) as reade trie in prachtich byld fan it Roomske Fryslân oan de ein fan de 19e ieu oant en mei likernôch healwei de 20e ieu.
De Tafel, Keunstkalinder
In jierdeikalinder mei tolve skilderijen fan Gerrit Terpstra en gedichten fan Eppie Dam.
Wat ha minsken by de tafel dien behalve ite? Plannen meitsje, plattegrûnen. Elkoar yn ‘e eagen sjen om wille fan in dream, in oare takomst tichterby.’ Gerrit Terpstra makke tolve skilderijen en Eppie Dam skriuw der gedichten by yn it Frysk en it Hollânsk. Fan dizze bysûndere skilderijen en gedichten is in prachtige jierdeikalinder makke.
Mear ynformaasje oer De Tafel