Steinbeck, John, Oer Mûzen en mannen, Oerset troch Jan Pieter Dykstra Hzn. ([Warkum]: De Ryp 2022).

Bêste minsken,

Goffe Jensma (foto Jan de Jager)

Ik fyn it oprjocht in ear dat ik fannemiddei fan dizze nije oersetting fan Jan Pieter Dykstra it earste eksimplaar krije mei. Sowieso is it moai om wat te krijen fansels en hielendal earste eksimplaren, mar dit is mear as dat, want it is yn alle opsichten in prachtich boek. As Amerikaansk boek út it ynterbellum, publisearre yn 1937, mar ek as Frysk boek út 2022. En alles wat dêr tusken yn sit.

John Steinbeck, dy’t letter de Nobelpriis foar literatuer wûn (in 1962), kaam fan it Kalifornyske plattelân en dêr spylje ek de measte fan syn boeken him ôf. Grapes of Wrath en East of Eden binne syn bekendste titels. Jan Pieter Dykstra hat him earder ek alris weage oan in boek fan dizze skriuwer: Cannery Row, dat  er oersette as Blikbuert.

Steinbeck heart ta de streaming dy’t oantsjut wurdt as sosjaal realisme, dus wurk dat omtinken freget foar maatskiplike omstannichheden. Dit uteret him by Steinbeck benammen yn syn ûnderwerpskar, boerearbeiders, dy’t faak rûnreizigen op siik nei wurk. De twa haadpersoanen út fan Mûzen en Mannen, Lennie en George, hearre ta dy groep. Ik sil hjir foar it oare net de ynhâld fan it boek neifertelle, mar folstean mei in gearfetting yn ien sin: it is in meinimmend ferhaal oer in grutte,  domme sokses en in behindich, tûk mantsje dy’t kammeraten foar it libben binne en dy’t as boerearbeiders tegearre in ienfâldige dream diele.

Wylst ik it lies skeat my yn it sin hoe goed at dit boek him yn in oantal opsichten fergelykje lit mei ien fan de bekendste Frysktalige boeken út krekt deselde tiid, Ulbe van Houten syn De sûnde fan Haitze Holwerda. Sa’n fergeliking makket ek wol wat dúdlik. Mûzen en mannen is skreaun yn 1937 en Ulbe van Houten syn boekferskynde yn 1938. Beide boeken spylje yn in boerefermidden en yn beide spylje boere-arbeiders in grutte rol. Ek Van Houten syn boek kinne je rekkenje ta it sosjaal realisme. By Van Houten giet it om Haitze Holwerda, in hurde, konservative en kristlike boer mei in sêft ynmoed. Hy besiket syn fjouwer heukerjende arbeiders út it Bildt út te rûpeljen, mar komt dêr net goed foar wei, net foar dy arbeiders en net foar syn eigen gewisse.

Van Houten hat de boer as haadpersoan keazen, Steinbeck de arbeiders. By Van Houten draait it ferhaal te’n djipste om rjochtfeardichheid, by Steinbeck giet om in – wat my oanbelanget – djipper tema, nammentlik kammeraatskip dy’t opoffere wurdt oan in ûnberikbere dream.

Goffe Jensma kriget it earste eksimplaar fan Oer mûzen en mannen út de hannen fan oersetter Jan Pieter Dykstra Hzn. (foto links Sicco Rypma, foto rechts Jan de Jager).

De tsjintwurdige literatuerhistoarisy sizze ek dat dêr de aktualiteit fan it boek leit. The American Dream, de dream fan it yndividuele sukses dat troch de moderne mins neijage wurdt makket de kammeraatskip stikken en hollet de mienskip út. Dat is in universeel tema, dat wy noch hieltyd wol herkenne. By Van Houten leit dat fyn ik muoilijker. Je soene it sa sizze kinne. In sosjaal-psychologysk boek as dat fan Van Houten, hoe goed as it ek dien is en yninoar stekt, sil as it oerset wurde net begrepen wurde yn in Amerikaanske kontekst, dat fan Steinbeck is perfekt te begripen foar Friezen fan hjoed-de-dei.

Dykstra hat yn syn oersetting de oarspronklike Ingelsktalige nammen fan persoanen en plakken oanhâlden en dat hinderet de lêzer by it lêzen hielendal neat. Troch it hiele fanselssprekkende rike Frysk fan Dykstra syn oersetting stiicht it ferhaal út boppe de konkrete werklikheid en toant it him as in allegoary fan de moderne mins oft dy no yn Amearika of yn Fryslân wennet. It joech my as lêzer yn alle gefallen behalve lêswille ek genôch stof om earnstich oer nei te tinken. Waarm oanbefelle dus.

Goffe Jensma