Yn dit lytse boek wurdt in skets jûn fan it wurk fan tsien renommearre Fryske dichters.
It boek is gearstald troch in wurkgroep fan fiif leden fan it Skriuwersbûn en troch dizze
wurkgroep ûndertusken oanbean oan bestjoer en sjuery fan de stichting P.C. Hooft-prijs.
Dy sjuery is krekt begoan mei har wurksumheden, dy’t liede sille ta de foardracht fan in
winner fan dizze Nederlânske oeuvrepriis. Yn maaie 2024 wurdt de priis takend oan in
(Nederlânsktalige of Frysktalige) dichteres of dichter. “Naar gelang het Noorden” wurdt
útjûn troch útjouwerij De Ryp en is fan nije wike ôf te keap.
It programma foar 3 july sjocht der sa út:
Elkenien dy’t de Fryske skriuwerij in waarm hert tadraagt is dizze middei fan herte wolkom!
Útjouwer, wurkgroep en bestjoer Skriuwersbûn