Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Boekpresintaasje De Winskhoed fan Fortunatus

2 juni 2023 @ 18:00 - 19:00

Foar it earst ferskynt de ferhalesyklus De Winskhoed fan Fortunatus fan Waling Dykstra (1821-1914) yn boekfoarm. Abe de Vries, gastûndersiker by de Fryske Akademy, brocht de ferhalen yn in justjes modernisearre Fryske stavering byinoar en fersoarge ek de oersetting nei it Nederlânsk en in ynlieding op it wurk. It boek ferskynt as trettjinde boek yn de literêre Iduna Rige fan de Fryske Akademy (Akademy-nûmer 1140) en wurdt útjûn troch útjouwerij DeRyp.

De presintaasje fan De Winskhoed fan Fortunatus / De Wenshoed van Fortunatus is op freed 2 juny om 18.00 oere yn Spannum, yn oanrin nei de opfiering fan iepenloftspul Wat bisto leaflik oer Waling Dykstra (8-20 juny). It boek sil oanbean wurde oan mar leafst fjouwer Waling Dykstra’s, te witten trije toanielspilers dy’t yn it iepenloftspul Waling Dykstra spylje en ien ‘echte’ Waling Dykstra, in famyljelid fan de skriuwer Waling Dykstra.

Oer De Winskhoed fan Fortunatus / De Wenshoed van Fortunatus
Waling Dykstra wie de belangrykste realistyske Fryske skriuwer fan de njoggentjinde iuw. Syn betide ferhalesyklus De Winskhoed fan Fortunatus út de earste helte fan de fyftiger jierren wurdt mei dizze twatalige útjefte foar it earst yn boekfoarm publisearre. Dizze ferhalen ferskynden foar it earst yn it blêd De Fryske Húsfreon, jiergongen 1851-1853. Dykstra lit syn alter ego Japik Japiks ûnder it Fryske doarpsfolk op ’e siik gean nei de ‘condition humaine’. Ungemurken beharket Japiks harren petearen, hy weeft ôf mei de romantyk en jout as skriuwer krityk en advys foar in better, lokkiger libben.

 

 

Voor het eerst verschijnt de verhalencyclus ‘De Winskhoed fan Fortunatus’ van Waling Dijkstra (1821-1914) in boekvorm. Abe de Vries, gastonderzoeker bij de Fryske Akademy, bracht de verhalen in een licht gemoderniseerde Friese spelling bij elkaar en verzorgde tevens de vertaling naar het Nederlands en een inleiding op het werk. Het boek verschijnt als dertiende boek in de literaire Iduna-reeks van de Fryske Akademy (Akademy-nûmer 1140) en wordt uitgegeven door uitgeverij DeRyp.

Boekpresentatie

De presentatie van ‘De Winskhoed fan Fortunatus / De Wenshoed van Fortunatus’ is op 2 juni om 18:00 uur in Spannum, in de aanloop naar de opvoering van het iepenloftspul ‘Wat bisto leaflik’ (8-20 juni) over Waling Dijkstra. Het boek zal worden aangeboden aan maar liefst vier Waling Dykstra’s, te weten drie actuers die in het toneelstuk Waling Dykstra spelen en een ‘echte’ Waling Dykstra, een familielid van de schrijver Waling Dykstra.

Over ‘De Winskhoed fan Fortunatus / De Wenshoed van Fortunatus’

Waling Dijkstra (1821-1914) was de belangrijkste realistische Friese schrijver van de negentiende eeuw. Zijn vroege verhalencyclus ‘De Wenshoed van Fortunatus’ uit de eerste helft van de jaren vijftig wordt met deze tweetalige uitgave voor het eerst in boekvorm gepubliceerd. Dijkstra laat zijn alter ego Japik Japiks onder het Friese dorpsvolk op zoek gaan naar de ‘condition humaine’. Ongemerkt luistert Japiks hun gesprekken af, hij rekent af met de romantiek en geeft als schrijver kritiek en advies voor een beter, gelukkiger leven.

Gegevens

Datum:
2 juni 2023
Tijd:
18:00 - 19:00

Locatie

Tsjerkebuorren 12A, Spannum
Tskerkebuorren 12A
Spannum,
+ Google Maps