Op sneintemiddei 6 novimber 2022 wie yn it tsjerkje fan Brânburren, It Heidenskip, de presintaasje fan Oer mûzen en mannen, de Fryske oersetting fan John Steinbeck’s wrâldferneamde roman Of mice and men. De presintaasje wie yn hannen fan Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp. It boek, dat yn Amearika publisearre waard yn 1937, is yn it Frysk oerset troch Jan Pieter Dykstra Hzn. fan Warkum. Dy lange it earste eksimplaar fan de oersetting sels oer oan Goffe Jensma, âld-heechlearaar Frysk fan de Universiteit fan Grins. Jensma spriek ek in wurdsje oer it boek.
Foto’s Sicco Rypma
Goffe Jensma sei yn syn praatsje ûnder oare dat er it in ear fûn om dizze middei it earste eksimplaar fan dizze Fryske oersetting te krijen om’t it yn alle opsichten in prachtich boek is: “As Amerikaansk boek út it ynterbellum, publisearre yn 1937, mar ek as Frysk boek út 2022. En alles wat dêr tusken yn sit.” Hy besocht it boek yn ien sin gear te fetsjen en neamde it “in meinimmend ferhaal oer in grutte, domme sokses en in behindich, tûk mantsje dy’t kammeraten foar it libben binne en dy’t as boerearbeiders tegearre in ienfâldige dream diele.”
Jensma fergelike it boek fan Steinbeck mei Ulbe van Houten syn De sûnde fan Haitze Holwerda út 1938. Neist tal fan oerienkomsten (it sociaal realisme, it boerefermidden mei in grutte rol foar boere-arbeiders) is it grutte ferskil dat Van Houten de boer as haadpersoan keazen hat en Steinbeck de arbeiders. Jensma einige syn ferhaal mei ûnder oare dizze wurden: “Troch it hiele fanselssprekkende rike Frysk fan Dykstra syn oersetting stiicht it ferhaal út boppe de konkrete werklikheid en toant it him as in allegoary fan de moderne mins oft dy no yn Amearika of yn Fryslân wennet.” [It hiele praatsje fan Goffe Jensma is hjir te lêzen.]
Muzikale meiwurking waard verliend troch De Dykstra’s, in spesjaal foar dizze dei oprjochte band. Oer belangstelling hiene oersetter en útjouwerij dizze middei net te kleien. Ien fan de oanwêzigen sei nei ôfrin oer de presintaasje: “Een bijzondere bijeenkomst in het Protestantse kerkje aan de Brânburren in It Heidenskip. Een ode aan de vermaarde schrijver John Steinbeck, aan zijn wereldvermaarde klassieker ‘Of Mice and Man’, aan het Fries en natuurlijk aan Jan Pieter Dijkstra die het boek in deze taal heeft omgezet”.
De gesellige neisit en de boekferkeap wiene nei de presintaasje yn it doarpshús It Swaeigat neist it tsjerkje fan It Heidenskip.
John Steinbeck (1902-1968) is ien fan de grutste Amerikaanske skriuwers fan de 20e iuw. Yn 1962 waard him de Nobelpriis foar Literatuer taskikt. Oer Mûzen en Mannen – publisearre yn 1937 as Of Mice and Men – wie oarspronklik skreaun as toanielstik. It boek fertelt hoe’t it needlot de freonskip fan twa manlju nei de barrebysjes helpt. Masterlik beskriuwt Steinbeck, mei in skerp each foar it dwaan en litten fan minsken, it paad fan de tragyk nei de ein fan de freonskip fan de beide mannen. Doe’t it boek yn 1937 útkaam, rekke Steinbeck as by wjerljochtslach wrâldferneamd. Jan Pieter Dykstra sette Of mice and men oer nei it Frysk. Yn 2019 ferskynde syn oersetting fan Steinbecks Cannery Row by útjouwerij DeRyp yn 2019 as Blikbuert (ûnderwilens útferkocht).
Friesch Dagblad
In moai stikje fan Jan Ybema stiet op de webside fan it Friesch Dagblad (10-11-2022) oer Jan Pieter Dykstra en syn Fryske oersetting van Of Mice and Men fan John Steinbeck.
Het moet midden jaren zestig zijn geweest dat Jan Pieter Dykstra (77) uit Workum verkering kreeg ,,mei in ferpleechsterke” die hem Tortilla flat te lezen gaf, een vroege roman van de Amerikaanse Nobelprijs-winnende schrijver John Steinbeck. ,,Dat pakte my, en dêrnei haw ik folle mear fan him lêzen.”
Workumer krant Friso 15 november 2022
Ook de Workumer krant Friso besteedde aandacht aan de presentatie van Oer mûzen en mannen: