De flaptekst

Marten Groenhof hat as lytse jonge al njonken nifeljen benammen nocht oan tekenjen. Om dêrre nei de legere skoalle in oplieding yn te folgjen wierret de tiid – de krisisjierren – net mei. It wurdt de Lânbouskoalle; it diploma hellet er yn 1943. Op ‘it sjongen’ moetet er Itte van der Wal. Yn 1954 geane se de lange hier mei elkoar oan. Likernôch in jier letter begjinne se te buorkjen oan de Heidenskipsterdyk 31.

Njonken it boerewurk en syn artistike beuzichheden, kin Marten goed oerwei mei it timmermansark. Hy restaurearret de Friso, in tsjotter, en bouwt in sylskou. As it deistige wurk it talit, is Marten yn syn atelier te finen, dat se achter it buorkerijke bouwe litten ha. Syn produksje berint mear as fiifhûndert skilderijen, dy’t ferspraat rekke binne oer de wrâld. Foar dit boek is in kar makke út de skilderijen dy’t ein augustus 2020 oanbrocht binne yn It Swaeigat.

Yn it begjin fan 2020 sette Hille Faber en Jan Pieter Dykstra Hzn fan Utjouwerij DeRyp in útstel yn ’e weak om wat mei de artistike neilittenskip fan Marten Groenhof te dwaan. Nei gâns ‘skodzjen, swyljen en tymjen is it hea no yn de golle.’ Beskôgje it as in lyts oantinken oan twa singeliere Heidenskipsters.

Ôfbyldingen

De foto’s fan it wurk fan Marten Groenhof yn it boek binne makke troch Jan Tijsma. Dy makke ek in filmke dat in moai byld jout fan dit boek:

De presintaasje

De presintaasje fan it boek wie op 11 desimber 2020 yn it doarpshûs It Swaeigat fan It Heidenskip. It earste eksimplaar fan it boek waard oanbean oan boargemaster fan Súdwest-Fryslân Jannewietske de Vries. Tagelyk mei dit boek ferskynde ek De Krúspôllen, in fotografyske werprintine fan in sketsboek fan Marten Groenhof.

Klik hjir foar in koart ferslach troch it Bolswards Nieuwsblad fan de presintaasje fan it boek yn It Heidenskip.

Oankundiging fan de presintaasje fan it boek op Koudum.nl (mei in foto fan it skilderij dat Groenhof makke foar de doedestiidse Rabobank yn Koudum (no tandartspraktyk).

Hjir mear oer de presintaasje (eigen ferslach en in Hollânsktalich ferslach yn de Warkumer krant Friso)

Omrop Fryslân

Omrop Fryslân bestege rom omtinken oan it boek Marten Groenhof, boer/skilder fan It Heidenskip. Foar tv is der in filmke makke yn it âlde atelier fan Marten Groenhof en freedtemoarn 10 desimber 2020 wiene Hille Faber en Jan Pieter Dykstra fan Utjouwerij DeRyp ek op de radio. De twa fragminten dêr’t Faber en Dykstra oer it boek oer Marten Groenhof fertelle, binne te belústerjen fia it nijsberjocht op de webside fan Omrop Fryslân.

Leeuwarder Courant 2 jannewaris 2021

De Leeuwarder Courant joech yn syn edysje fan 2 jannewaris 2021 rom oantinken oan it boek oer Marten Groenhof: oardeheale side fan Elisabeth Post mei in soad foto’s fan Jan Tijsma. Yn it artikel komme de gearstallers fan it boek, Hille Faber en Jan Pieter Dijkstra fan Utjouwerij DeRyp, oan it wurd.

It artikel yn de Leeuwarder Courant is (foar abonnees) ek digitaal te lêzen:

Oankundiging yn it Bolswards Nieuwsblad (25-2-2021) fan de eksposysje yn Warkum fan skilderijen en sketsen fan Marten Groenhof nei oanlieding fan ús boek oer dizze ‘boer/skilder yn It Heidenskip’:

Somtiden kriget in útjouwer in plom fan ien dy’t in útjefte moai fynt. En sa’n plom fine wy fansels wer tige moai!