Ein 2022 ferskynde by Utjouwerij DeRyp de nijsgjirrige sjongbondel Kom & sjong, gearstald troch Hindrik van der Meer. De muzyk dy’t Hindrik van der Meer 50 jier lang brûkt en makke hat om mei alle mooglike groepen te sjongen, is bondele yn in mânsk boek. It formaat is grut, mei in ringbån en stevich papier.

De krapoan 140 lieten besjonge net allinne de skientme fan lânskip en taal, mar der stean ek canons yn, besinningslieten en in tal berneferskes fan Van der Meer, bedoeld om mei bern en âlden te sjongen. Eltse kategory – der binne acht – wurdt tematysk foarôfgien troch in skilderij fan in Fryske keunstner. De foarkant jout dêr al in foarpriuwke fan.

Hindrik van der Meer (1938 Bantegea) hat muzykdosint west op’e Pedagogyske Akademy De Him yn Snits (Chr. Pedagogyske Akedeemje) yn Snits. Ein jierren 60 hat er him dwaande holden mei berneferskes (Kwek, kwek, minemyn) en mei de ferneamde Sing-in’s op twadde krystdei yn de súdwesthoeke fan Fryslân.

Presintaasje en sympoasium

Op 20 april 2023 wie der nei oanlieding fan it ferskynen fan de sjongbondel Kom & Sjong fan Hindrik van der Meer yn Tresoar yn Ljouwert in sympoasium. Sprekkers wiene Bert Looper, Jelle Krol, Beart Oosterhaven en Tialda Hoogeveen. Op 21 april waard de sjongbondel offisjeel presintearre en oanslútend dêroan wie der in Sjong-yn en Lietejûn dêr’t in protte sjongers op ôf kaam wiene.

Omrop Fryslân

Op de webside fan Omrop Fryslân stie op 22 april 2023 dit stikje oer Hindrik van der Meer:

Yn Tresoar wiene op in sympoasium moaie wurden foar Hindrik van der Meer. “Hy is ien fan de grutte ferbiners yn de Fryske kultuer. Fan hege kultuer nei folkskultuer, fan tekst nei byld. Boppedat wie hy in fernijer at je sjogge nei de tsjerke- en bernelieten. Sa ien as Hindrik binne der net in protte fan”, waard der sein.

Van der Meer groeide op yn in muzikale boerehúshâlding. Hy folge de kristlike kweekskoalle yn Snits. Dêr waard hy letter yn 1970 learaar muzyk.

Fryske berneferskes
As muzyklearaar oan in oplieding foar ûnderwizers murk Van der Meer dat der net folle eigentiidske Fryske berneferskes wiene. Hy foarseach yn dat ferlet troch sels ferskes te skriuwen en op muzyk te setten.
Hy hat noed oer dat it hieltyd minder wurdt, sei hy tongersdei. “Dêr meitsje ik my soargen oer. Op skoallen wurdt der hast net mear songen, wylst dat tige wichtich is. Lieten ferbine, je sjonge allegear deselde wurden.”

Hindrik van der Meer wol minsken mei ferskillende achtergrûnen op ûntspannen wize yn kontakt bringe mei de Fryske taal. Bert Looper fan Tresoar seit dat hy dêryn tige slagge is. “Hy hat in protte minsken waarm makke foar de Fryske taal. Syn lieten binne dragers fan dy taal”.
‘Ambassadeur’ wêze foar it Frysk, dat fielt Van der Meer ek as in opdracht en dêr betocht er ferskate inisjativen foar, lykas ‘kryst-speel-ins’ en literêre busreizen. De earste busreis wie yn 1990, yn it ramt fan it Frysk Festival.

Mei syn frou hat er de tochten 15 jier dien, sa’n 12 bustochten yn ‘t jier en sa 7.000 minsken yn ‘e kunde brocht mei it Fryske lânskip, skriuwers, dichters en muzikanten.

Friesch Dagblad

Lodewijk Born, pleatste op 21 april 2023 yn it Friesch Dagblad in ferslach fan it earbetoan dat Hindrik van der Meer yn Tresoar krige: ‘Hy spilet in sintrale rol as superferbiner, superdrager fan Fryske kultuer’. “Tegearre, mei syn allen, bine en ferbining.” Dat binne neffens Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, skaaimerken van musicus Hindrik van der Meer (84).

It sympoasium fan twa dagen is it útstelde kado foar Hindrik van der Meer. Ferline jier ferskynde syn lietebondel Kom & Sjong by Utjouwerij DeRyp, mar in presintaasje koe doe net trochgean. It boek mei 136 lieten liet wat sjen fan de ‘muzykherberch’ fan Van der Meer, sei er der ferline jier oer yn it Friesch Dagblad: ,,It hat yn de ôfrûne sechstich jier in lange en kleurrike optocht fan sjongers en spilers yn myn muzykherberch west.”

Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar, pleatste Van der Meer yn in tradysje fan ‘multidissiplinêre kultuerdragers’ fan 1850 ôf. Fan 1850 oant 1950 binne der mastodonten lykas Waling Dykstra, Douwe Kalma en Fedde Schurer. Dêrnei (1950-2000) giet it om in grutter tal dragers en ferbiners (lykas Tetman, Gratama, Smilde, Folkertsma, Radsma). ,”Brêgebouwers tusken hege kultuer en folkskultuer.”

Looper: “Ik tink dat Hindrik just yn dizze wrâld sit. Hy spilet dêr in sintrale rol yn as superferbiner, superdrager fan Fryske kultuer.” Wat der alyd wie: ,,It maatskiplik en sosjaal engagement.” Dat wie it semint fan alle dingen dy ‘t er die, sa sei Looper, “Fan literêre busreizen oant it ynspirearjen fan studinten.’’

Jelle Krol fan Tresoar slute him dêr by oan: ,,Dy brede oriïntaasje, de nijsgjirrigens nei de wrâld dy’t net by De Lemmer ophâldt hat Van der Meer fan jongsôf. As Bantegeaster boeresoan út in herfoarme fermidden lies er de haadartikels fan Fedde Schurer, de dichter, sjonger, skoalmaster en kranteman dy’t him o sa ynspirearre.’’ Beskiedend is de moeting en gearwurking mei Eppie Dam: ,,Fral nei 1993 is Eppie Dam hast net mear wei te tinken út it wurk fan Hindrik. By in ûnwittend grut tal lieten en liturgyske teksten fan Dam komponearre Van der Meer de muzyk.”

Musikograaf Beart Oosterhaven fertelde hoe ‘t er tegearre mei Van der Meer yn de Musikologyske Wurkgroep fan de Fryske Akademy siet. Van der Meer wie him net ûnbekend, want troch syn dochters koe er it hiele repertoire fan Kwek kwek minemyn (1976), Hup sûpengrottenbrij (1978) en de elpee Tsien jier skoalleradio út é holle. Oosterhaven neamde ek syn ynfloed as muzikaal lieder by de berne-iepenloftspullen yn Jorwert en Easterrwierrum.

Lês it hiele artikel op de webside fan it Friesch Dagblad