Yn Gerben Rypma – De keunstner fan it dûbele krús (2010), in biografyske skets oer de dichter-skilder Gerben Rypma (1878-1963), hat skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga it libben en wurk fan ‘de hearremyt fan de Brekswâl’, sa’t Rypma wol neamd is, delset yn in brede literêr-histoaryske, sosjaal-ekonomyske en religieuze kontekst. It boek is rynsk yllustrearre mei foto’s, ôfbyldingen fan skilderijen en sketsen fan de keunstner en der is ek in moaie seleksje fan Rypma syn poëzy yn it boek opnaam.

Eeltsje Hettinga (Burchwert, 1955) skreau earder de tekst foar Abe Gerlsma, zijn werk zijn leven (2008) en Albert Oost, de lyriek van het sublieme toeval (2008). Hy wie redakteur fan it Frysk-literêre tydskrift Kistwurk (2000-2003). Hettinga skreau sjoernalistike artikelen, essees oer byldzjende keunst en Fryske poëzije.

De lêste twa alinea’s fan de ynlieding fan Gerben Rypma – De keunstner fan it dûbele krús (2010):

“Syn libben en wurk litte har net begripe as dy beide net besjoen wurde binnen in beskate literêr-histoaryske, sosjaal-ekonomyske en religieuze kontekst. Om dy reden is bygelyks in fiks part fan de Roomske emansipaasjebeweging om 1900 hinne en de skiednis fan it Roomsk Frysk Boun (RBF) beskreaun, de Roomsk-Fryske taalbeweging, dêr’t net allinnich Gerben Rypma by belutsen wie, mar ek syn broer, de folksskriuwer en Roomske politikus Johannes Rypma, teffens ien fan de oprjochters fan it RBF. Lyksa is der it nedige omtinken foar Gerben Rypma syn literêre en skilderkundige faders en foarbylden. Ommers, syn dichtsjen en skilderjen wienen net samar út ’e loft ploffen kaam.

It ferhaal oer Gerben Rypma, de hjerremyt fan de Brekswâl, sa’t de sjoernalist Jan Piebenga him neamd hie yn de ynlieding fan de útjefte Ik haw myn dreamen hawn en fragen (1965), rint yn dit boek dus net streekrjocht fan a nei b, mar lit tal fan omwegen, bochten en slingerpaden sjen. Mei it sketsen fan in tiidsbyld en it lizzen fan in tal bredere ferbannen is yn de neifolgjende biografyske skets besocht en jou it persoanlike libben fan de dichter en skilder Gerben Rypma reliëf.”

It earste eksimplaar fan it boek waard 6 novimber 2010 oanbean oan de hear Harmen J. Oldenhof (1923), histoarikus en âld-dosint yn Stienwyk. Hy publisearre ûnder oaren in ferhanneling oer 300 jier parochy Sensmeer-Blauwhuis (1951). Oanslutend wie der yn de grutte seal fan kafee ‘De Freonskip’ yn Blauhûs in útstalling mei skilderijen, tekeningen en hânskriften fan Gerben Rypma.

Tekening yn potlead en inket, mei gedicht yn hânskrift
Besprekken

Besprek fan Liskje Flapper yn De Moanne 2011 nûmer 6: “It boek sjocht der kreas út, in hurd kaft mei in selsportret fan de keunstner op it omslach en in formaat dat tekeningen en skilderijen moai útkomme lit. Yn de earste helte fan it boek beskriuwt Hettinga it libben fan Rypma, rynsk yllustrearre mei foto’s, tekeningen en gedichten. […] It twadde part fan it boek bestiet út tekeningen en skilderijen: pleatsen, lânskippen en portretten. De seleksje jout in goed byld fan it wurk fan Rypma […].

Besprek fan Gerbrich van der Meer yn it Friesch Dagblad: ‘Biografy fan Blauhúster dûbeltalint Gerben Rypma boppeslach’: “Eeltsje Hettinga keas derfoar om Gerben Rypma in gesicht te jaan troch yn te gean op it tiidsrek dêr’t Rypma yn libbe en syn libben yn in bredere kontekst te setten. Dy ynformaasje kombinearre er mei it beskieden boarnemateriaal dat er opheinde fia ‘in hantsjefol brieven, in pear hûndert siswizen en spreuken oer libben en maatskippij [fan Rypma syn hân], de saneamde Siedkerlen en in tal ferhalen, meastentiids yn de foarm fan anekdoates ferteld troch kunde en famylje fan de keunstner.’ Troch it sketsen fan in tiidsbyld en it lizzen fan in tal bredere ferbannen is Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús folle mear wurden as allinnich mar in biografy.”

Besprek Johan van Kammen yn De Westereender, febrewaris 2011: “Johannes van Kammen yn De Westereender febrewaris 2011: ‘Gerben Rypma De keunstner fan it dûbele krús’ is een boek dat een tijdsdocument is, maar ook een boek waarin een leven in het teken van kunst, prachtig wordt belicht.”

Friese-literatuursite van Jelle van der Meulen: “Het is geweldig dat zo’n mooi verzorgd Fries boek over een Friese schilder-dichter gemaakt en betaalbaar uitgegeven is. Daar was de financiële steun van een tiental stichtingen, fondsen en instellingen voor nodig en uiteraard vooral het initiatief van de Gerben Rypmastichting en de inzet van de auteur van de goed leesbare, uitgebreide en keurig verantwoorde biografische schets van Gerben Rypma.”