Terug naar Boeken

Waling Dykstra – Duvelskeunstner

20.00

Duvelskeunstner is in blomlêzing gedichten fan de njoggentjinde-iuwske skriuwer Waling Dijkstra (1821-1914). Gearstalller Abe de Vries neamt Dijkstra’s poëzij yn syn ynlieding ‘de ûnbekendste bekende poëzij yn de Fryske literatuer’. Populêrder as Dykstra yn syn gloarjetiid wie, hat gjin Fryske skriuwer wer west, mar syn gedichten komme net foar yn de meast resinte algemiene poëzijblomlêzingen, of it moat in inkelde liettekst wêze. It foardiel is dat syn grut poëtysk oeuvre – it earste fers hjir datearret fan 1838, doe’t er 17 wie, it lêste fan 1912, doe’t er 90 wie – noch op ûntdekking wachtet. Dizze blomlêzing is de earste út inkeld syn gedichten.

 

Mear ynformaasje oer Duvelskeunstner

 

 

Categorie:

Extra informatie

Auteur

Waling Dykstra

Druk

1e druk

Formaat

12,5 bij 20,5

ISBN

978-90-829478-2-6

Taal

Frysk

Verschenen

oktober 2019