Ynterview yn de Ljouwerter Krante 30 oktober 2015
Der is altyd ien dy’t oan de poaten saget
Tusken minsken dy’t mei elkoar om in tafel sitte, bart wat bysûnders. Dat is it útgongspunt van De Tafel fan keunstner Gerrit Terpstra en dichter Eppie Dam. Nei in tocht, dy’t goed tweintich jier duorre hat, is it meubelstik lang om let te plak.
In kalinder is it wurden en dêr liket it oantal fan tolve skilderijen fan Gerrit Terpstra en tolve gedichten fan Eppie Dam ek foar makke. De wurklikheid is justjes oars. As it oan de beide manlju lein hie, wie De tafel útjûn as in gewoan boek. Gjin útjouwer lykwols dy’t dêr wat yn seach. In kalinder wie foar útjouwerij De Ryp fan de Gerben Rypmastichting kommersjeel wol sa oantreklik en dus waard it in keunstkalinder, foarmjûn troch Terpstra.
Eppie Dam en Gerrit Terpstra (beide fan 1953) kenne elkoar al sa’n 25 jier. Se hawwe in oantal berneboeken makke tegearre – Dingeman krijt wjukken en Fjouwer dappere mûskes ûnder oare – en de trettjin kantates dy’t Dam yn ‘e rin fan ‘e jierren mei komponist Hindrik van der Meer makke, krigen in omslach fan Gerrit Terpstra.
DIELDE OFKOMST
Alhoewol’t de ien yn bylden en de oar yn wurden skilderet, fiele se harren fan de earste moeting ôf oan elkoar besibbe. It hat mei in dielde ôfkomst te meitsjen en mei hoe’t se dêr yn letter jierren ôfstân fan nommen hawwe. Beide komme se út de noardoasthoeke fan Fryslân, beide binne se letter yn it súdwesten fan de provinsje bedarre. Terpstra wennet yn Heech, Dam yn Sleat.
Dy geografyske ferhuzing symbolisearret ek in geastlike ferhuzing. Dam komt út ‘e omkriten fan Kollum, Terpstra fan Burdaard. Dam: ,,Der is dat bekende taalgrapke fan ‘Kollum en Burdaard’. Kalm en bedaard, sa waarden mei in knypeach de plakken fan ús jeugd typearre. De serieuzere kant fan it ferhaal is dat yn de noardoasthoeke net it fjoer fan de fernijing baarnde. Likemin stie de regio yn ús jonge jierren bekend om syn frijheid fan tinken. Us protestantske achtergrûn hat grif meispile yn wa’t wy binne en foaral yn wa’t wy west hawwe.”
Alhoewol’t it wurk fan beide keunstners hjir en dêr noch dúdlik de spoaren draacht fan de religy dêr’t se mei grutbrocht binne, hawwe beide de dogma’s út harren bernejierren lang lyn al fan harren ôfskodde. Terpstra: ,,Wy wiene herfoarme thús, ús heit en mem wiene goed tsjerks. Doe’t ik fjirtjin wie ha’k de tsjerke de rêch takeard, it leauwen wie fuort. Ik wit trouwens noch dat wy op de bakkersfakskoalle les oer de evolúsjeteory krigen en dat ik yn in repetysje skreau dat dy net kloppe om’t der in skepper wie. Dat moat dus krekt foar myn omslach west ha.”
,,Letter kaam der in perioade dat ik fernaam dat de religy my o sa dwaande hold. Ik wie aktyf yn de fredesbeweging en oare groepen, die mei oan gespreksgroepen hjir yn Heech mei protestanten, roomsken en bûtentsjerkliken. Dy lêsten hearde ik by en dêr hear ik noch by.”
,,Ik leau dan wol net, mar ik bin wol bepaald troch it kristlik leauwen. En dus dûke der yn myn wurk bibelferhalen, krusifiksen en oare kristlike symboalen op.”
Eppie Dam is opgroeid yn Kollumerpomp, mar hy en syn âlden giene nei de grifformearde tsjerke fan Kollum. Beide doarpen wiene grifformearde bolwurken en dus hiene minsken dy’t dêr diel fan útmakken de djipfielde oertsjûging dat se it wiere leauwen oanhongen. Ek de jonge Eppie Dam.
,,Ik mocht graach nei tsjerke gean. De ferhalen en de poëzy fan de Psalmen sprieken my as bern al oan. Ik haw – doe’t ik in jier as santjin wie – sels noch dûmny wurde wollen. It is útdraaid op it ûnderwiis.”
Jierrenlang is er binnen de tsjerke syn eigen gong gien. Doe’t er op Urk foar de klasse stie, brûkte er lieteboeken en bernebibels dy’t it skoalbestjoer leaver net yn ‘e klasse seach. Stadichoan bedarren de dogma’s dêr’t er oait yn leaude hieltyd fierder op ‘e achtergrûn. Dam: ,,Ik ha my yn 2010 útskriuwe litten, mar dat hie al earder kinnen.”
,,Ik leau net yn de tradisjonele sin, net yn in libben nei de dea of sa. God is foar my in projeksje fan de minsken. Mar it kristlik leauwen hat myn jeugd en dy fan Gerrit wol kleure. Us wurk draacht by allebeide noch de spoaren fan religy. Dy sitte kenlik yn it bloed en wy witte wêr’t it weikomt. Dan bist úteinlik oaninoar besibbe.”
FERROMJENDE YNFLOED
Gerrit Terpstra is as bern al mei syn âlden nei Heech ferfearn. Eppie Dam wenne jierren yn Balk, tsjintwurdich yn Sleat. Eppie Dam: ,,De Súdwesthoeke hat oait in ferromjende ynfloed op my hân. Mar ik ha koartlyn wer seis jier yn Kollum wenne, en dêr binne minsken ek frijer en iepener wurden. Ik trof in oare sfear oan. Mar miskien wie ik sels feroare. Hoe dan ek, yn beide kontreien besykje minsken har te ferhâlden ta de mienskip, mei alle moaie en minder moaie dingen.”
Gerrit Terpstra hâldt al jierren in wurk-deiboek by. Dêryn kin er tweintich jier letter noch krekt neigean hoe’t in bepaald keunstwurk ta stân kommen is. De tafel giet werom op 1994 doe’t it kleaster fan
Monumint fan de Moanne wie en Terpstra opdracht krige om it boek dat dêrby hearde te yllustrearjen. Hy makke foar alle hûndert siden in silhûet fan in man mei dêrby de namme fan in muonts. ,,It idee dêrachter wie dat wy wol witte hoe’t de minsken dy’t dêr libben hieten, mar dat wy net witte hoe’t se der útseagen. Mar ik haw my wol ôffrege hoe’t se der útsjoen hawwe, watfoar persoanlikheden it wiene. Dêr begûn ik oer te fantasearjen.”
Terpstra lit in hiele rige mei potlead tekene portretten yn syn wurkboek sjen. Hy fertelt dat er der letter op troch fantasearre hat en dat er in ploechje fan dy manlju om in tafel set hat om te sjen wat der barre soe. Manlju sûnder gesicht. Boppe en om de manlju kamen tolve portretten te hingjen fan manlju mei in gesicht. Om ‘e tafel sitte hieltyd trettjin manlju: tolve fan foaren of fan siden sjoen, fan de trettjinde sjogge wy allinne de achterkant.
Tolve kin nei de apostels ferwize, nei de moannen fan it jier of nei it dozyn. De trettjinde persoan soe Jezus of Judas wêze kinne, mar is ek it spegelbyld fan 31: de keunster hat him nearne op fêstlizze wollen. ,,In minske besiket gryp op it libben te krijen, dat docht er troch in jier yn te dielen yn moannen en wiken en dat docht er mei religy. It wurk hat, om’t it mei Thabor begûn is, in midsiuwske en religieuze sfear, mar ik sjoch it net as in religieus wurk. De oarspronklike titel – en dêrûnder hawwe de skilderijen ek al hiel wat kearen eksposeard west – wie Minsken . Om oan te jaan dat religy minskewurk is.”
SYKTOCHT
Eppie Dam koe de syklus, mar doe’t er de tolve skilderijen tsien jier lyn werris seach, besleat er om der wat mei te dwaan. ,,Wat my altyd yn ‘e besnijing hân hat binne dy minsken om ‘e tafel hinne. Ik woe witte wat der yn har omgie, wat har woartels en driuwfearren wiene. Trettjin yndividuen wurde in groep, teminsten sa op it each. Mar binne en bliuwe se it ek? De earste rigel fan it iepeningsfers hat foar mysels it begjin west fan in syktocht nei it wêzen fan in selskip: ‘Neat hie der tusken ús west, noch gjin tinken ús bûn.’ Ut dat punt wei ha ik alle hoeken ferkend: it mienskiplike idee, de twifel, de twaspjalt, it esjek en it missen fan de âlde ferbûnens.”
De tafel is in poëtyske ferkenning fan de dynamyk dy’t ûntstiet yn in groep minsken mei ideeën, makket net út oft dy religieus, polityk of noch wer oars fan aard binne. Dam is sûnder oerlis mei de keunstner mei dy syn bylden oan ‘e haal gien. Terpstra: ,,Hy is in wurdeman, ik ha bylden yn ‘e holle. Dat binne twa wrâlden.”
Eppie Dam hat as titel foar syn gedichtensyklus net Minsken keazen, mar De tafel . ,,Foar my stiet de tafel foar it fermogen fan minsken om mei-inoar dingen te berikken. Mar de tafel stiet tagelyk – en feitlik mear – foar harren ûnfermogen wat dat oangiet. Minsken helje har idealen yn ‘e holle oer mienskip en mei-inoar oparbeidzje. Sjoch Fryslân, sjoch Europa, of in fermidden as de Feriene Naasjes. Oeral steane sokke ambisjeuze tafels, mar der is altyd in wâl dy’t it skip keart. Of, yn myn konsept, ien dy’t oan de poaten saget.”